- 9 - Zij vraagt zich af of dit allemaal bij het bestuursplan niet bekend was. Dan had dit best een prioriteit mogen hebben en vol gens haar was het best bekend. Is dit nu het beleid voor de toe komst dat we niet meer hoeven vast te houden aan de rijksvergoe ding. Op deze wijze kunnen ook andere openbare dan wel bijzonde re scholen zaken claimen. De gemeente gaat een bedrijvenplan maken om te zien in welke staat onze gebouwen zijn en wanneer ze gerenoveerd moeten worden. Daar is in het bestuursplan een ton voor vrijgemaakt. Eindelijk ligt er dan na 9 jaar LONDOnormen een plan maar er zijn geen financiën bij. Het tekort wordt nu gefinancierd uit de reservering vrijgevallen kapitaalslasten. Hoe hard zijn deze bedragen. Zij stelt dat dit wel een zeer gezochte financiering is De hear Veldstra sprekt syn wurdearring ut foar it wurk oan'e basis. It kostet wol muoite om de foar- en neidielen fan alle modellen op in rychje te krijen mar hy stelt dizze wize fan foarljochting tige op priis. It moaiste soe wêze dat it jild 5 jier fêsthalden wurdt en dat der dan in nij gebou foar beide skoallen komme kinne soe. Mar it is düdlik, de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle kin fanwegen de minne tastan net langer wachtsje. It spyt him dat it ünderwiis, dêr't ek de gebouwen by hearre gjin hege prioriteit hat by de ried, it kolleezje mar ek by it regear. It grutte belang fan it ünderwiis wurdt ünderskat. Syn fraksje is fan miening dat dizze kredytoanfraach net los sjoen wurde kin fan gearwurking as seis fan fusy. Der moat no al rekken mei halden wurde dat der op termyn nei ien skoalle tawurke wurdt. Om dy reden fynt hy it spitich dat de ferstanhal- ding tusken de beide skoalle minder is as oardel jier ferlyn doe't der in yntinsjeferklearring ta fusy ündertekene waard. It is dan ek spitich dat de Master Wielsmaskoalle net belutsen is by de renovaasje fan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle. Hy freget it kolleezje düdlike linen nei de takomst ut te setten en mei beide skoallen om'e tafel te gean. Wethalder Bloem seit dat elts dy't de stikken besjoen hat wol sjen kin dat der in protte wurk dien is. Alle mooglikheden binne ut en tenei besjoen. It probleem is eins in hin en aaiferhaal. Oan'e iene kant wolle wy graach düdlikheid hawwe fan it ministearje en oan'e oare kant wol it ministearje düdlikens oer wêr't it om giet, ien skoalle as in kombinearre skoalle. De yngong hat west dat de Dokter Eeltjse Halbertsmaskoalle hiel nedich renovearre wurde moat. As der dan in mooglikheid is om mei 2 skoallen ien nij gebou del te setten dan is dat in opsje. Ferline jier by it tariedingskredyt is dy opsje ek neamd. De measte modellen dy't der ündersocht binne moat in hiel grutte bydrage fan'e gemeente by. Foar it ministearje is it dan net sa wichtich te witten dat der in wurkgroep is dy't in fusy ündersiket. Hy fynt fusy-yntinsjes, utwurke stikken en de saken rün "toerusting en bereikbaarheid" folie mear fan belang. Nijbou as renovaasje moat eventuele takomstige üntwikkelingen net blokkearje. It giet om goed ünder wiis yn Grou, as yn ien grutte skoalle as yn 2 wat lytsere skoallen. Allinne, it is hiel dreech om no al it paad üt te lizzen. NOT16MRT.1/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 11