- 11 - 20. Voorstel inzake opheffing uitpondingsverbod met betrekking tot Yn'e Lijte. De hear Van der Baan seit dat we fan it oarspronklike Yn'e Lijte dat düdlik in sosjaal doel tsjinne no bedarre binne yn'e fols- lein nije sitewaasje wêryn de minsken oerlevere binne oan'e tsjustere en frije maatskiplike krêften. Op dit stuit wol it kolleezje oergean ta it opheffen fan it ferbod ta it by it pün ferkeapjen. Syn fraksje fynt dat in minne saak, benammen omt hy as doel hat de lytse man te beskermjen tsjin de manipulaasje fan ferkeapen, ferhieren ensafuorthinne. Der is 3 jier lyn steld dat it ferbod pas nei 3 jier opheven wurde kinne soe as it bestimmingsplan goed ynfold is. Hy fynt it frjemd dat dêr op weromkommen wurdt. De oerheid moat konsekwint wêze. As we fêsthalde oan 1 novimber kin de gemeente der letter nea op oansprutsen wurde dat der mar wat oanrommele is. Yn'e Lijte is no yn hannen fan hannelaren, fan minsken dy't mar ien doel hawwe: jild fertsjinje. De lju fan'e camping binne op dit stuit yn grutte betizing. Se hawwe in brief skreaun mar no witte se eins net mear oft dat wol goed west hat. Hy fynt dat de ried dy minsken stevichheid jaan moat troch it ferbod pas op 1 novimber op te heffen. As it ferbod no opheven wurdt is it, der is hy tige benaud foar, foar dizze minsken dien en üntstiet der in üngelikenens yn behanne- ling. De hear Oosterhof seit dat no in tariedingsbeslüt foar it nije bestimmingsplan nommen is in part fan syn fraksje foar it ophef fen fan it ferbod is. Ek sjoen it brief dy't fan'e oanbelangjen den ynkaam is. Mevrouw Van den Berg zegt dat over dit voorstel in haar fractie lang is gesproken. Zij vindt het onverstandig van het college om mee te gaan met een projectontwikkelaar en eigenlijk zijn belangen te behartigen. In het voorstel is niet duidelijk geworden dat het college de huurders kan beschermen. Als de huidige huurders met Grootslag B.V. in onderhandeling gaan kan er tot 1 november een voorlopig koopcontract ondertekend worden. Alleen de projectontwikkelaar heeft baat bij het opheffen van het uitpondingsverbod in verband met verkoop van de kantine en een aantal woningen die in slechte staat verkeren. Natuurlijk wil hij dat voor het seizoen doen omdat dat voor hem financieel voordeel oplevert en voor de ge meente niet. Dit is een onverstandige deal. Zij had zich kunnen voorstellen dat het college een voorstel tot afkoop aan de projectontwikkelaar had gedaan. Met het huidige voorstel kan haar fractie niet akkoord gaan. De hear Bethlehem seit dat syn fraksje omt it gebiet no planolog- ysk beskerme is akkoart giet mei it ütstel. Der is in serieuze gadingmakker foar de kantine dy't graach foar it seizoen los wol. Hy hat dêr begrip foar. N0T16MRT.1/H/ll

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 13