- 2 - De needsaak fan in hastige ófhanneling is oanwêzich. Hy is him der fan bewust dat it net mooglik is eltsenien tefreden te stel len. Syn fraksje hat wol betrouwen yn'e utkomst. Hy wol graach, as it bekind is, it definitive finansjele oersjoch besjen. Syn fraksje giet akkoart mei it ütstel fan it kolleezje. De hear Van der Baan seit dat it net ien femuverje sil dat syn fraksje wat oars tsjin it ütstel oer stiet as de V.V.D. Doe't yn febrewaris oer de oankeap fan'e grün besluten is hat hy sein dat it better wie dêr noch mei te wachtsjen. Hy tinkt dat no bliken docht dat dat yndied it gefal west is. Fan it oarspronklike plan foar Terheme is net al tefolle mear oer. Dat is spitich omt dêrmei it betrouwen yn dit plan ündergruven wurdt. De earste üntwerpen wiene tige oantreklik. Mar fan dat oantreklike plan is net folie mear oer, it liket wol in óftelsom. It nije sportfjild komt der net, oanlisplakjes foar de bewenners fan'e Gravinnewei komme der net, fan'e bou fan permaninte wenten is net folie mear oer. Fan de jachthaven, yn jannewaris noch in wêzenlik part fan de plannen, seit de wethalder no dat dy jachthaven fan minder belang is. Yn febrewaris, doe't de grün oankocht is hat hy der foar warsköge dat it kolleezje skaak stean soe. En safier is it no, it kolleezje kin gjin kant üt. De foarljochting oer dizze plannen nei de ried ta is fier ünder nivo. Doe't der frege waard nei de kosten fan it baggerjen fan'e Jongebuersterfeart wie dat net bekind. Sa wurdt de ried öfsalte sunder konkrete ynfor- maasje. Tsjin minsken üt it publyk wei dy't beswier meitsje tsjin it ofgraven en dy't freegje hoe't de proseduere fan fier der beswiermeitsjen rint wurdt sein dat it antwurd sa yngewik- keld is dat dat net direkt jün wurde kin. Ek dêr is te sjen dat de iepenheid fier te sykjen is. Hy hat ófrüne tongersdei frege oft it accountantsrapport ek by de stikken kaam te lizzen. Dat soe klearkomme. Mar ta syn grutte femuvering lei it accountants rapport opnij wer net by de stikken. Is it dan frjemd dat hy erchtinkend wurdt? Want, wat moat der no beoardiele wurde en oan'e han fan hokfoar kriteria moat dit ütstel toetst wurde. De ütwurking fan it plan wurdt oerlitten oan in stjoergroep. Mar oangeande it middengebiet is noch frijwol neat regele. Ek dêr stiet de ried büten spul omt it definitive üntwerp fan it midden gebiet noch net klear is. Wêrom sil hy meigean mei it ütstel om it üntwikkelingskontrakt te tekenjen as de ried sa min ynfor- mearre is. Ek al soe it noch sa goed öfrinne, we sitte no al foar f 33.000,00 yn it skip omt de projektüntwikkelder nei 3 moannen gjin rintelêsten mear betellet. De proseduere foar de fergunning ta it öfgraven duorret op syn minst 4 moannen en dat haldt yn eltse moanne dat it langer duorret f 33.000,00. Op dizze wize üntstiet der in bulte ünfrede. Hy fynt dat de wearden ferskood wurde. Benammen omt der in kombinaasje is fan'e private en'e publike sektor. Dat is fral gefaarlik as de gemeente seis gjin plannen hat en dat wie hjir sa. Beskerming fan'e publike sektor stiet dan wol hiel faai. Syn fraksje tinkt dat de üt wurking fan'e plannen sa as no bart net kin. It kolleezje sil de ried helder ynformearje moatte en mei ütwurke ideeën komme moatte foardat syn fraksje dêr oer kedieze wol. Fan mandatearing op dit stuit hat hy alhiel gjin ferlet. Wat de nammejouwing oanbelanget docht it bliken dat de fryske kultuer wike moat foar it grutte jild. N0T30MRT.l/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 17