As dit plan beoardield wurdt oan'e han fan it doarpsfemij ings- plan dan fynt hy it hiel maklik om te sizzen dat der ferskate saken net komme en hiel ferfelend dat dêr sa'n negative halding fan guon riedsleden tsjinoer stiet. Dy halding stimt nammentlik net oerien mei de feiten. Feit is dat de ried yn it bestim- mingsplan sein hat dat dy en dy üntjouwing yn Terheme plakfine moat. Dêr past de jachthaven yn en dêr passé oanlisplakken oan'e Gravinnewei yn. Wêr't it no om giet is de fraach oft it kollee- zje mei de proj ektüntwikkelder goede dingen dien hat en oft der dingen absoluut yn striid dien mei wat de ried wol. De opmerking oer it feit dat de foarljochting ünder nivo wêze soe nimt hy hiel serieus en hy wol dêr ek hiel goed oer prate. Hy is it der trouwens net mei iens. Mei foarljochting ünder it nivo wurdt eins sein dat it kolleezje bewust dingen achterhaldt. De hear Van der Baan illustrearret dat mei it accountantsrapport wat net by de stikken leit. Yn'e öfdieling is düdlik ütlein wêrom dat sa is en der is ek net tasein dat it accountantsrap port wol by de stikken lizze soe. Hy stelt fêst dat in tal fraksjes it kennelik net iens is mei wat it kolleezje en de mearderheid fan'e ried fynt dat der barre moat yn Terheme. Der bestiet ek ferskil fan miening oer de oanpak yn Terheme. Mar yn it bestimmingsplan foar Terheme stiet krekt wat der bar re kin en de ried hat allinne mar te toetsen oft de plannen fan'e projektüntwikkelder passé yn dat bestimmingsplan. Hy fynt it net in gelokkige sitewaasje dat in gemeentebestjoer achter in proj ektüntwikkelder oan moat dy't de ütgongspunten dy't de ried fêststeld hat ütfiere wol. Dat is yn prinsipe al de ferkearde kant om. Yn'e takomst sil der noch faker yn'e p.p.s.sfear mei elkoar praten wurde en dan sil de ried it yn prosedureel opsicht absoluut iens wêze moatte. Hy fynt it tige spitich dat der no sa'n grut ferskil fan miening is, ek yn polityk opsicht oer de kwestje dy't no oan'e oarder is. As de ried fynt dat der gjin mandaat oan it kolleezje jün wurde moat dan komt dat der net. It kolleezje mient dat der sa fluch as mooglik is hannele wurde moat. It ferkeapkontrakt wurdt net ut de ried halden omt it kolleezje gjin politike diskusje hawwe wol. Yn'e öfdieling dêr't it kontrakt wol oan'e oarder komt wurdt der ek al yn it iepenbier oer praten. Sa as al yn'e öf dieling sein is is it ünderhald fan wegen ensafuorthinne noch net goed regele. De ried draacht it kolleezje op dat de gemeente Boarnsterhim gjin finansjele lést hawwe sil fan it ünderhald fan'e wegen. Dat is op himsels al in hiel ütsünderlike regel. It kolleezje hat tasein dat te dwaan, it giet derom oft de ried dêr fertrouwen yn hat. Yn elts gefal wurdt der yn'e öfdieling goed oer it keapkontrakt praten. De hear Van der Baan seit dat hy yn'e öfdieling sein hat dat hy graach woe dat hy ynstimme koe mei dit kontrakt. Dat wie syn ütgongspunt. Mar, de diskusje hat him net oertsjüge. Hy hat it eardere beslüt ta oankeap fan'e grün wol loskeppele fan dit ut- stel. Syn fraksje hat it ek net iens west mei it bestimmingsplan fan Terheme, benammen omt it middengebiet net ynfolle waard. Yn earste ynstansje hat hy besocht oan te jaan hoe't it hiele ferrin west hat, hoe't sa stadichoan hyltiten mear stikjes by de plannen weifoelen. NOT30MRT.l/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 21