It liket him sa ta dat it kolleezje fynt dat de ried de rêch rjocht halde moat en net om lizzen gean moat by de earste de béste konfrontaasje. Mar sa leit it der neffens him net hinne, de ófdielingsleden hawwe düdlik frege om in neier ündersyk. Dit kin net öfdien wurde sa't no foarstelt wurdt, seker net as ek oan'e iiswegensintrale frege wurdt gemeentlike taken oer te nimmen. It is no noch net krekt bekind om hokfoar bedrach it giet. Miskien kin it foar f 2.500,00 ekstra mar miskien ek net. Miskien hie de konklüzje west dat it mei in totaal oare opset wol foar dit jild koe. Hy tinkt dan oan it brüken fan materiaal fan gemeentewurken. Foar in einkonklüzje is it dus noch te betiid. As ut neier ündersyk neat nijs komt kin mei dit ütstel kommen wurde. Mar hy is der dochs wol foar om no in beslüt te nimmen en kin it ütstel fan it C.D.A. wol stypje. Ek de hear Roorda stipet dat ütstel. De hear Renia seit dat it grutste part fan syn fraksje it kollee- zje-ütstel stipet. Dat komt der op del, dat öfsjoen fan de hiele foarskiednis it beslüt fan novimber hanthavene wurdt of it moast wêze dat der oantoand wurde kin dat der sünt novimber ünfoarsjoen in hiele protte feroare is. Dat léste is neffens him net it gefal. De hear Bouma seit dat yn it bestjoersplan fêstlein is dat de iiswegensintrale f 10.000,00 krije sil. Syn fraksje fynt dat dér oan fêsthalden wurde moat en stipet dan ek it ütstel fan it kolleezje. De foarsitter fynt dat it ütstel no net wer foarütskood wurde moat, der is al lang genóch oer praten. Yn it bestjoersplan hat de ried it beslüt nommen f 10.000,00 te jaan oan'e iiswegensin trale. Yn'e earste öfdieling die wol bliken dat de iiswegensin trale in wichtich orgaan is dat altiten al taken fan it gemeente- bestjoer oernommen hat. No giet it derom mei hoefolle jild de ried de iiswegensintrale stypje wol. As de ried in heger bedrach jaan wol moat wol betocht wurde dat der altiten wol motiven te betinken binne om datjinge wat de ried yn it bestjoersplan fêstlein hat te feroarjen. It kolleezje kiest foar in bestjoer- lik düdlike line en dêrom foar hanthavening fan it beslüt yn it bestjoersplan. De ried sil nea alle fersiken honorearje kinne omt dat deagewoan net te betel jen is. We sille suniger mei it jild omspringe moatte. De hear Breeuwsma seit dat hy yn'e öfdielingsgearkomste fan 3 febrewaris sein hat dat it allegear fierstente lang duorre hat en dat it in hiel ridlike fraach is om 15 mear te jaan as f 10.000,00. Yn it ferslach fan dy gearkomste stiet dat de hearen Veldstra en Bouma gj in muoite hawwe mei it ferheegjen fan it bedrach. De foarsitter konstatearret dan dat öfdielingsbreed der oan it kolleezje frege wurdt de f 10.000,00 te ferheegjen oant in neier fêst te stellen bedrach. Hy is dan no ek femuvere oer de gong fan saken. De hear Renia seit dat foar him it beslüt fan novimber oerein bliuwt omt der gjin arguminten kommen binne wêrtroch it beslüt feroarje moatte soe. NOT27APR.1/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 10