De hear Veldstra fynt dat it net kin dat in fersyk sa lang omtoarkje moat foardat der in beslüt nommen wurde kin. Hy bliuwt by syn stanpunt. De hear Van der Baan konstatearret dat it kolleezje fout sitten hat. Der is twa jier mei dit fersyk ompielt. As it gau öfhannele wie wie it ek al lang foar it bestjoersplan oan'e kant west. Hy tinkt dat de iiswegensintrale aanst wol in AROB-proseduere begjinne sil, wat ek wer tiid en jild kostje sil. Is alles wat yn it bestjoersplan stiet in diktaat as is it in rjochtline? Foar him is wat yn it bestoersplan stiet düdlik in yndikaasje. De foarsitter seit dat net sprutsen wurde moat fan in diktaat mar fan in beslüt fan de ried wêrnei it kolleezje hannelje moatte sil. Kennelik hat de ried ferlet fielt om somtiden yn detail te sizzen wat der barre moat. Sa ek foar dizze iiswegen sintrale. Wat him femuvere hat yn'e öfdieling is dat der doe frij breed sein waard dat it bedrach oanpast wurde moast, dat wylst de problematyk fan novimber ek de problematyk fan no is. Wethalder Bloem kin de wurden fan de foarsitter ünderstreekje. Fan novimber oant no ta is der neffens har neat feroare wat in oar beslüt as doe rjochtfeardigje soe. Hierna wordt tot stemming overgegaan. Als eerste wordt er gestemd over het meest vergaande voorstel, namelijk dat van de F.N.P. om f 15.000,00 beschikbaar te stelle. Na gehouden stemming blijkt dit voorstel met 14 tegen 2 stemmen te zijn verworpen. Voor hebben gestemd de leden Van der Baan en L. Veldstra. Hierna wordt gestemd over het voorstel van de fractie van het C.D.A. om f 12.500,00 beschikbaar te stellen. Dit voorstel wordt met 9 tegen 7 stemmen verworpen. Voor hebben gestemd de leden L. Veldstra, Van der Baan, Roorda, Breeuwsma, Dotinga, Van den Berg en H. Veldstra. Als derde komt het collegevoorstel in stemming. Na gehouden stemming blijkt dit voorstel met 15 tegen 1 stem te zijn aangenomen. Tegen heeft gestemd de heer Veldstra. 9Voorstel tot het goedkeuren van de jaarrekening 1991 alsmede de begroting 1993 van de Stichting "Jachthaven van Wartena". Mefrou Santerna seit dat der troch plannen aanst in soad wetter öfsluten wurdt. Dat haldt dan yn dat de boatsjeminsken hast gjin achterlan mear halde. Dêrtroch kin it wêze dat de jachthaven yn Warten leechrint. Der moat dus goed om tocht wurde dat it achter lan tagonklik bliuwt en dat net in protte öfsluten wurdt yn ferban mei de natuer. Rekréaasje en natuer kinne hjir likegoed lykop rinne. De foarsitter fynt dat fral net it mearke yn'e wrald holpen wurde moat dat alle wetter öfsluten wurdt as al is. Yn'e öf dieling is ek sein dat it wetter allinne öfsluten wurde moat as it echt net oars kin, it giet om in ferstannich gebruk. Dêr is ek tasein dat der mei de belangenorganisaasjes praten wurdt. Dat petear sil it ütgongspunt wêze fan it oerlis mei de provinsje oer it behear fan it natuergebiet yn üs omkriten. N0T27APR.1/H/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 11