Mefrou Santerna is wiis mei de wurden fan de foarsitter. It giet derom wach te wezen om in sa'n grut mooglike tagonklikheid fêst te halden. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 10Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de aanleg van ee dam/inrit en het omleggen van een kabel op het industrieterrein "It String" te Jirnsum. De hear Oosterhof seit dat it spitich is dat it kredyt noch fêststeld wurde moat no't it wurk al hielendal klear is. Hy sjocht it yn'e takomst graach oars. De hear Van der Baan seit dat dit dtstel by syn fraksje yn it ferkearde kielsgat sketten is. Doe't Van Slooten de saak oernaam fan de Z.H.M. hat de gemeente Van Slooten tewille west. De ge meente hat in stik terrein weromnommen wêr't de gemeente eins neat mei te krijen hie omt it om de ferkeap fan de Z.H.M. oan Van Slooten gie. No wol Van Slooten dy grun weromhawwe. De ge meente sit dus njonken boekweardeferlies ek mei rinteferlies ta in bedrach fan likernöch f 29.000,00. De gemeente mei oer dat ferlies hinne ek noch in kabel oanlizze, kosten f 13.000,00. Hy tinkt dat it better is earst mar ris of te wachtsjen oft dy ka bel echt wol nedich is en lis him dan mar oan. De gemeente soe yn ditsoarte ünderhannelings mear rêchbonke sjen litte moatte, der wurdt te maklik tajün. De ried hat besletten op it yndustry- terrein in lokaasje oan Ophof oan te bieden. Foar de gemeente in ferliespost fan f 31.862,00. De ried is doe net ynformearre oer it feit dat der ek noch in daam oanlein wurde moast. No komme dêr ek noch bykommende kosten foar wenrypmeitsjen, grienfoarsjen- nings en de kosten fan'e nutsbedriuwen. Kosten f 30.000,00. By Ophof leit de gemeente der dus f 60.000,00 op ta. Hy fynt dit mar in frjemde hannel. Boppedat wurdt de ried foar't blok setten omt doe't it dtstel kaam de daam al klear wie. Yn it utstel stean de wurksumheden foar de kabel eksklusyf b.t.w. berekkene en by it freegjen fan it kredyt stiet dat it it ynklusyf b.t.w. is. It is wol hiel maklik de kosten dy't foar Ophof makke wurde troch te skowen nei it grunbedriuw. It liket krekt as hat de gemeente gjin tekoarten. Hy fynt dat dy kosten mar üt de doarps- fernijing betelle wurde moatte. Hy hat grut beswier tsjin it feit dat de ynformaasje net folslein wie en dat der net earst mei de ried praten is. Allinne mei dit dtstel is de gemeente al in ton kwyt. Mevrouw Van den Berg vraagt zich af wat ze eigenlijk met dit voorstel aan moet. De raad wordt geconfronteerd met diverse stuk ken die elkaar tegenspreken. Haar fractie had liever gezien dat er duidelijk en ronduit was gezegd dat het werk al is uitgevoerd en dat het college eerder bij de raad had moeten komen voor een extra krediet. Nu heeft menig inwoner van Boarnsterhim weer met een negatief lachje kunnen constateren hoe het in onze gemeente functioneert. Zij betreurt dat zeer. De tweede afdeling heeft zich gebogen over het concept-voorstel en -besluit. Er is ge- dicussieerd over de vraag waar het bedrag uit gedekt zou kunnen worden. Haar fractie gaat ermee akkoord dat het bedrag ten laste wordt gebracht van het industrieterrein "It String". NOT27APR.1/H/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 12