- 9 - In het voorliggende voorstel wordt ook nog over het omleggen van een kabel gesproken, hetgeen niet in het concept-voorstel werd genoemd en dus niet in de tweede afdeling en bij haar weten ook niet in de vierde afdeling is besproken. Zij wil over dit laat ste wel enige opheldering. Niet dat zij tegen het voorstel zal zijn: haar fractie wil heel graag bedrijfsvriendelijk zijn. De zinsnede dat de afdeling akkoord gaat met het voorstel is niet juist. Zij wil daar graag meer van weten. Haar fractie is er trouwens tegen dat dit soort zinnen in raadsvoorstellen wordt opgenomen. Het is verder heel kwalijk dat nu de kabel wordt toe gevoegd aan het voorstel terwijl al in februari bekend was dat die er zou moeten komen. Wethalder Nieuwdam beharket fan'e ried allegear oanmerkingen op hoe't it foarwurk foar dit ütstel dien is. Yn in part fan'e gefallen is dy krityk terjochte. Yn'e fjirde öfdieling hat de foarsitter ek tajün dat de daam der al leit. It kolleezje hat en nimt de ferantwurdlikheid om foar te kommen dat ütstellen net folslein en mei ynformaasje dy't net kloppet yn'e ried komme. Somtiden binne der lykwols redenen dy't meitsje dat der oars as gewoan hannele wurdt. It giet 3m dit ütstel om in yndustryter- rein en de kosten dy't dêrfoar makke wurde hearre op dat terrein te drukken. It is goed der foar te soargjen dat de iepen plakken op in yndustryterrein safolle mooglik beset wurde. Om wille fan'e wurkgelegenheid en oare ekonomyske redenen moat it kollee zje wol de mooglikheid hawwe yn'e priisstelling binnen bepaalde marzjes te wurkjen. It ütstel is wol yn'e fjirde öfdieling behannele ynklusyf de kabel. De opmerking dat de öfdieling akkoart giet is yndied net korrekt. Hy seit ta dat der tenei goed om tocht wurde sil. Wethalder Bloem seit dat yn'e twadde öfdieling praten is oer de dekking. It giet hjir yn feite om de werynrjochting fan in part fan it yndustryterrein. De gemeente is ferantwurdlik foar de basisynrjochting fan yndustryterreinen, fandêr dit ütstel. De hear Van der Baan seit dat de wethalder folslein tajout dat it kolleezje ferkeard sit as de ried saken foarlein wurde dy't al ütfierd binne. Hy wurdearret dat o sa, mar it is net de earste kear dat de ried mei ditsoarte saken konfrontearre wurdt. Altiten earst oerlis mei de ried, dat moat de regel wêze. En as it al hastich oppakt wurde moat, dan mar in ekstra riedsgearkom- ste. Dat wurket yn elts gefal foar de ried folie befredigjender. De wethalder nimt efkes letter dochs wer öfstan fan syn wurden en dy kant moat it net op. As it ütstel op tiid west hie hie syn fraksje wollen dat der mar wer opnij ünderhannele wurde moast. Hy is der benaud foar dat it kolleezje him al te kwetsber op stelt. Sadree 't der ünderhannelingen mei bedriuwen plakfine fynt it kolleezje blykber dat hy him fral soepel opstelle moat yn it ramt fan'e wurkgelegenheid. As in bedriuw, dat hjir sit, ütwreidzje wol dat docht hy dat. Hy giet dan echt net nei Ljou- wert werom. De gemeente hoecht dan net mar fan alles ta te jaan. Hy is der wis fan dat in ündernimmer respekt hat foar in gemeen te dy't net direkt oan alle winsken temjitte komt. De fjirde öfdieling wie yndied net akkoart mei it ütstel en hy fynt it dan ek ünbegryplik dat dizze sin yn it üstel stiet. Syn fraksje giet net akkoart mei dit ütstel. NOT27APR.l/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 13