- 10 - Mevrouw Van den Berg hoopt dat het college intern maatregelen zal nemen om te voorkomen dat dit weer gebeurt. Het irriteert haar dat in februari al wel bekend was dat er nog f 13.000,00 bij moest voor de kabel en dat die brief niet bij de stukken voor de tweede afdeling lag. De hear Renia tinkt dat it hiel goed is öfspraken te meitsjen oer de wize fan ünderhanneljen en de frijheid dy't it kolleezje dêryn hawwe kin. Der moat wol flot hannele wurde kinne, dêr is hy fan oertsjüge. Ek de fraach wat üs de wurkgelegenheid wurdich is sil by dy diskusje belutsen wurde moatte. De hear Bethlehem fynt dat de dekking ut it grünbedriuw de beste kar is. It jild foar doarpsfemijing moat foar de doarpsfer- nijing brükt wurde. Hy fynt it net terjochte dat der no wer sa opspile wurdt wylst yn'e öfdieling al tajün is dat de daam der al leit en dat it de ferkearde wei om is. Wethalder Nieuwdam seit dat der in spanningsfjild bestiet tusken hoe't kolleezje en ried finne dat mei elkoar omgien wurde moat. Mei wat de hear Renia dêroer sein hat is hy it folslein iens. Hy haldt oerein dat it kolleezje wol in marzje halde moat om te ünderhanneljen. Hy seit ta dat it kolleezje neigean sil hoe't op in goede en krekte wize de ynformaasje oan'e öfdieling jün wurde sil De foarsitter merkt op dat de ried it rjocht fan budzjet hat. Yn it ramt fan it wurkgelegenheidsbelied leit it foar de han dat de ried en it kolleezje öfspraken meitsje oer it bedrach dat troch it kolleezje bestege wurde kin, mei in weromkeppeling nei de öfdieling as de ried ta. Wethalder Aukes hat üt namme fan it kolleezje ekskuses oanbean. Hy wit net hoe faak it kolleezje ekskuses oanbiede moat foardat se akseptearre wurde. Dat dit net neffens de regels gien is is düdlik. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fractie van de F.N.P. wordt geacht tegen het voorstel te hebben gestemd. 11. Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbesluit ex artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening in een viertal gevallen. De hear Oosterhof seit dat it bedriuw Bocreana op in agraryske bestimming sit. Der moat wat barre en syn fraksje is der foar dat der in bedriuwsloads komt, mar eins hie hy leaver sjoen dat dit bedriuw op in yndustryterrein sitte soe. Wethalder Nieuwdam kin him de opmerking fan de hear Oosterhof wol yntinke. Oan'e oare kant, yn it ferline is tastien dat dit bedriuw dêr kaam. It giet te fier fan dit bedriuw te freegjen nei in yndustryterrein te ferfarren. Dêr moat ek by betocht wurde dat as de gemeente dat wolle soe der ek finansjeel in bydrage by bedriuwsferpleatsing heart. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. NOT27APR.l/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 14