- 11 - 12Voorstel inzake verzoek om planologische medewerking ten behoeve van de bouw van vier garages. De hear Van der Baan hat it gefoel dat de argumintaazje fan it kolleezje wol problemen opsmite kin. Yn earste ynstansje hawwe dizze minsken fergunning frege foar it bouwen fan garaazjes. Dat waard ofwezen troch it kolleezje omt it in saneamde "verstening" ynhalde soe fan de omjowing. It kolleezje kaam mei de "oplos sing" fan houten garaazjes. Dêrnei is der in fersyk kommen om dêr yn de buert in kontainer te pleatsen. Oant trije kear ta is dêr oer praten en üteinlik koe de ried dêr mei ynstimme. Der kaam in hoekje grün by dat sa ferkocht waard dat der in skeve stripe by wei halden waard omt dan de lju dy't dêr noch in garaazje bouwe woene de mooglikheid halden om dêr dy garaazje ek bouwe te kinnen. No wurdt der utsteld de houten garaazjes te wegerjen. Hy tinkt dat de argumintaazje dy't no brükt wurdt earder hielendal net spile. De argumintaazje is oanpast oan de aktuele sitewaasje. Der is dus net in konsistint belied fierd. Hy is dan ek bang dat as dizze minsken de saak trochsette oant de Ried fan Steate ta sy gelyk krije sille en dat it de gemeente jild kostje sil. Hy tinkt dat it better west wie de fergunning wol te ferlienen. De hear Ren ia seit dat as fan in bestimmingsplan öfweken wurdt dêr goede arguminten foar wêze moatte. Der binne oansetten west om ta te stean dat hjir garaazjes komme kinne soene, dêrfoar is der ek in hoekje frijhalden, mar sjoen de aktuele sitewaasje fynt syn fraksje dat de bestimming net feroarje moatte soe omt der gjin oerwaagjende reden is dat stikje grien op te offerjen foar fjouwer garaazjes. Der steane nammentlik genöch garaazjes yn dy buert. In twadde argumint is: wêrom soene jo tastean de bestimming te feroarjen as dat reden ta ruzje tusken buorlju fan gefolgen hawwe soe. Yn dy sin is it ek net ferstannich dat stik je grien aanst dochs mar te ferkeapjen. De hear Dotinga seit dat syn fraksje it wol iens is mei it ütstel Hy merkt op dat de Kommisje Beswier- en Beropskriften wol advys dtbrocht hat. De hear Oosterhof kin hielendal ynstimme mei de wurden fan de hear Renia. Yn dy buert binne genöch garaazjes oanwêzich. Wethalder Nieuwdam konstatearret dat, utsein de fraksje fan de F.N.P. de ried ynstimme kin mei it ütstel. It kloppet dat de Kommisje Beswier- en Beropskriften wol advys ütbrocht hat. As der ien saak fan alle kanten besjoen is dan is it dizze wol. Hy nimt goede nota fan de opmerking fan de hear Renia om de grün net te ferkeapjen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 13. Voorstel tot het vaststellen van de exploitatie-berekening van het complex "Terherne Noord". Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. NOT27APR.1/H/H

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 15