As de oerheid wat wol dan moat fantefoaren düdlikens jün wurde kinne oan dit bedriuw. It is in hiel kwetsber bedriuw, dat moat ek net fergetten wurde. Dus moat der hiel foarsichtich mei dit bedriuw omgien wurde. Hat it kolleezje him ek óffrege oft it eins oft it wol mooglik en ferantwurde is op dat plak in loads fan 1000 m2 te bouwen. De foarsitter tinkt dat it goed is om fêst te stellen wêr't wy op it punt fan romtlike oardening op dit stuit steane. De ried sil in bestimmingsplan fêststelle wolle wêryn de rykswei goed regele is en op in kwetsber plak sil der wat foar twa bedriuwen klearmakke wurde moatte. Dat der wol wat mei de hear De Schif- fart regele is en noch net foar de hear Reidinga spilet yn de wurden fan de ried in grutte rol. Hy tinkt dat der op dat punt in misferstan is. It bedriuw fan De Schiffart is ferpleatst nei Terherne, de grün is yn besit kommen fan de steat. De steat hat in part fan dy grün ferkocht oan de hear De Schiffart junior. Mefrou Van den Berg hat gelyk as sy seit dat de bedriuwen fan De Schiffart en Reidinga elkoar net ferdrage, yn'e takomst net, mar no ek al net. Dat der wat barre moat, ek yn ferban mei de Hinder wet is sa düdlik as wat. It kolleezje freget fan de ried in üt- spraak oer wat der op dat lytse stikje grün barre moat yn'e takomst. Hy hat de yndruk dat de ried wol mei de filosofy fan it kolleezje ynstimt. It grutste probleem fan de ried is dat it kolleezje op dit momint noch gjin oplossing fün hat foar de hear Reidinga. Fan tafel moat yn elts gefal dat it kolleezje gjin gefoel hawwe soe foar it bedriuw fan de hear Reidinga, want dat is perfoarst net it gefal. It kolleezje wol in oplossing fine foar de hear Reidinga tsjin de achtergrün fan de problemen dy't de hear Reidinga hat mar ek tsjin de achtergrün fan it fêststel- len fan it bestimmingsplan. It is ünsin te tinken dat as de ried in bestimmingsplan fêststelt alle problemen al oplost wêze moatte. As de hear Reidinga ünder it oergongsrjocht pleatst wurdt jout de ried eins himsels de opdracht in goede oplossing foar de hear Reidinga te finen. De gemeente seit ek, dat is de konsekwinsje fan it oergongsrjocht, dat in oplossing socht wurdt foar de finansjele konsekwinsjes fan in bedriuwsferpleatsing. It koleezje is by steat in oplossing te finen. Dêrta is it nedich dat de beide partijen antwurd jowe op fragen. It kin dan bést wêze dat jo wiken neat fan elkoar hearre, mar minsken moatte ek de kans en de tiid hawwe nei te tinken. It kolleezje hat alle begrip foar de halding fan de hear Reidinga. De foarsitter seit dat hy him wol yntinke kin dat guon riedsleden net sa gelokkich binne mei it oergongsrjocht yn dit gefal. Mar de hear Reidinga hat mear kansen op in goede fuortsetting fan syn bedriuw ünder it oergongsrjocht dan op in boublok op it plak dêr't hy no sit. It gemeentebestjoer moat ek de man dy't beskieden kloppet op in knappe manier helpe. It kolleezje is dat fan plan. Foarütskowen fan dit ütstel is net ferstannich omt de ried mei it oannimmen fan dit ütstel krekt foar de hear Reidinga in sitewaasje kreëart wêryn op in adekwate wize socht wurde moat om in oplossing. De hear Breeuwsma is wiis mei it antwurd fan de foarsitter. Syn fraksje stiet achter it bestimmingsplan foar Rykswei 32, dêr leit it him net oan. N0T27APR.l/H/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 17