- 14 - As dit bestimmingsplan jün fêststeld wurdt sil syn fraksje it kolleezje halde oan syn tasizzing omtrint it finen fan in oplos sing foar de hear Reidinga al is it minder stevich as dat it ütstel in moanne foardtskood wurdt sadat der earst mear düdlik- heid is oer de wize fan ünderhanneljen mei de hear Reidinga. Hy wol graach de tasizzing hawwe fan it kolleezje dat as it mooglik is, der earst in oplossing foar Reidinga is foardat de hear De Schiffart bouwen giet. Syn fraksje sil dan akkoart gean mei it ütstel De hear Van der Baan seit dat de fragen oerein bliuwe. Is it kolleezje yndied by steat it jild dat nedich is foar bedriuwsfer- pleatsing op it kleed te krijen? Hoefolle kostet de ferpleatsing en op hokker termyn kin it realisearre wurde. As it kolleezje de tasizzing docht om mei uterste ynspanning in oplossing te finen en it kolleezje sjocht de mooglikheden dêrta, dan giet syn fraksje nei it oertsjügjende pleit fan de foarsitter mei it üt stel akkoart. It bliuwt lykwols in feit dat de famylje Reidinga troch dit riedsbeslüt yn in ünwisse sitewaasje komt en dat it oankomt komt op betrouwen oer en wer. De foarsitter is de ried ut namme fan it kolleezje tige erkint- lik foar syn positive opstelling. De yntinsje fan de ried is deselde as dy fan it kolleezje. It probleem dêr't de hear Breeuw- sma op tsjut kin him foardwaan mar dat moat eins net. Hy seit dat der tidich in oplossing fün wurde moat. Hy seit de ried ta dat it kolleezje yn'e öfdielingsgearkomsten regelmjittich fers- lach fan de stan fan saken dwaan sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 16. Voorstel tot het vaststellen van het ontwerp-bestemmingsplan Bedrijventerrein Biensma. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel, inclusief de ambtshalve wijziging besloten. 17. Voorstel regeling deelneming in garanties woninggebonden subsi dies Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 18. Voorstel tot aanpassing van het verdelingsbesluit 1993 van het Dorpsvemieuwingsprogramma De hear Bethlehem seit dat syn fraksje bliid is dat de plannen foar it Halbertsmaplein no ütfierd wurde kinne en dat dat noch binnen it doarpsfernijingsfüns realisearre wurde kin. Hy freget oft it sa is dat mei yngong 1 jannewaris 1994 de provinsje mear grip op de ferdieling fan it jild krijt. De foarsitter seit dat de wet yn dy sin wizige is dat de systema- tyk dy't liedt ta de ferdieling fan it jild feroaret. De provin- sjes sille, mear dan oant no ta, ynhaldlik in oardiel hawwe oer de plannen dy't de gemeenten yntsjinje. De gemeente sil dus mei sterke plannen komme moatte en gelokkich hawwe we dy. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. NOT27APR.l/H/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 18