- 15 - Voorsteltothet vaststellen van de notitie economisch beleid gemeente Boarnsterhim7 De hear Bouma seit dat syn fraksje der bliid mei is dat it kolleezje mei dizze notysje komt. It is in goede saak te witten hoe t der mei it bedriuwslibben omgien wurde moatte soe. It sintrale oansprekpunt is dêryn tige wichtich. Regelmjittich oer- üs mei lytse en grutte bedriuwen kin hiel goed wurkje. Mei dy gearwurking kin eltsenien syn foardiel dwaan. Mefrou De Boer seit dat de oanlieding ta dit rapport, de driig- jende sluting fan de F.F.D. yn Wergea, net sa'n moaien is. Se freget oft it kolleezje noch yn petear mei de F.F.D. is om te sjen hoe't it no fierder giet. It is prima dat de wurkgroep it breder oppakt hat en der in notysje ekonomyske belied fan makke hat. Har fraksje kin ynstimme mei de oanbefellings üt de notysje. Essinsjeel is de gearwurking mei oare gemeenten. Boarnsterhim is gjin eilan en hat noch de macht noch it jild om de wurkgelegenheid te regeljen. Yn de notysje fan'e gemeente Ljouwert "Tegengas" steane in tal tige goede oanbefellings en yn de gearwurking mei oaren sil der sa'n düdlik mooglik belied fan'e grun komme moatte. Se freget hoe't de weromkeppeling wêze sil fan wat der mei dizze notysje en de notysje "Tegengas" bart. De hear Breeuwsma seit dat it stribjen goed is. Hy fynt it ek spitich dat de oanlieding de sluting fan de F.F.D. yn Wergea is al wie dat al lang fantefoaren oankommen te sjen. Hy hie de oanhef fan it ütstel dan ek leaver mear algemien steld han. Hy freget him óf oft it wol de goede kar is dit belied mei Ljouwert op te pakken. Ljouwert kin syn yndustry net fêsthalde en hat him ek net altiten like kollegiaal opsteld. Syn gedachten geane mear yn'e rjochting fan It Hearrenfean en Skarsterlan dêr't se folie better dwaande binne mei in yndustrybelied. Hy fynt dat de eagen net allinne mar ien kant üt rjochte wurde moatte. Yn in beliedsplan as dit soe ek de toleransje en de akseptaasje in grut plak hawwe moatte yn it lytsskalich tinken sa't dat yn üs gemeente plakfine moat. Ek wat we hawwe, de lanbou, moat goed om tocht en stimulearre wurde. Seker moat der gjin öfsetten tsjin de lanbou wêze en in ündüdlik belied oangeande miljeufoarskrif- ten. Ek om de rekréaasje, we sitte midden yn de Blauwe Söne, moat goed tocht wurde. De foarsitter seit dat it kolleezje bliid is mei de réaksjes fan de ried en yn de öfdieling. It ekonomyske en it wurkgelegenheids- belied stiet yn üs gemeente noch yn de berneskuon. De gemeente mei bést ambysje hawwe mar moat net de pretinsje hawwe it wol foarelkoar te krijen. Dy macht en kracht hat Boarnsterhim net, mar ek Ljouwert as de hiele provinsje net. By it ryksregear leit feitlik it ekonomyske belied. It kolleezje ünderskriuwt de ge dachte fan in sintraal oansprekpunt en dat wurdt yn de notysje ek neamd. Net allinne de uterlike kenmerken, dêr't mei begün wurde moat, binne wichtich, likegoed sil der fan binnenüt it apparaat en it bestjoer de geast wêze moatte om dizze nije beliedsline op te pakken. Dat kostet, tinkt him, in hoop tiid. It kolleezje sil in kear as wat yn it jier op wurkbesite by ferskate bedriuwen gean. NOT27APR.1/H/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 19