- 16 - De ynisjativen fan de fakbünen om tefoaren te kommen dat it fabryk echt ticht giet fertsjinje stipe. Nettemin is der it nuch tere feit dat de direksje seit dat it fabryk ticht moat. Takom wike sil der mei de F.F.D. praten wurde om te besykjen de negati ve konsekwinsjes foar üs gemeente sa lyts mooglik te halden. De macht om wier wat te dwaan leit hjir net mar ek net yn Ljouwert, mar mei syn beiden dogge jo mear as allinne. It kolleezje tinkt wol wat te kinnen mei de suggestjes üt de notysje "Tegengas" en fielt him mei ferantwurdlik foar wat der yn üs regio bart. Yn'e earste öfdieling fynt it oerlis mei de ried plak. It kolleezje is wol te sprekken oer de kollegialiteit fan Ljouwert en in hoop fan üs problemen mei en yn de wurkgelegenheid binne ek harres. De bestjoerlike mooglikheden en reewilligens om wat te dwaan op dit mêd is yn Ljouwert grut. Toleransje en akseptaasje is wicht- ich, al sil it nea sa wêze dat jo it alle minsken nei't sin dwaan kinne. It besteande, hjoeddeistige bedriuwslibben moat koestere wurde. Dat jildt foar de lanbou, mar ek foar de rekre- aasje en de yndustriële wurkgelegenheid. Oangeande it miljeube- lied is wat de iene minister wol yn tsjinspraak mei wat de oare minister seit. It is tige tryst dat dat sa is. Krityk op de wethalder is yn dy sin net terjochte. De hear Bouma seit dat hy der wol begrip foar hat dat de oanpas- sing fan'e ynterne sitewaasje tiid freget. Undemimmers moatte lykwols in willich ear fine foar harren problemen en winsken, los fan alle ynterne problemen. De hear Van der Baan freget wat der mei de opmerkings dy't hy makke hat yn'e ófdieling dien wurdt; de notysje is noch net oanpast. Hy is it iens mei de foarsitter dat wurkgelegenheids- belied in kwestje is fan wêr de politike macht sit. Den Haach hat yn dit lan in sintrale posysje. Yn de ófrüne ieuwen hat blik- en dien hokfoar effekten dat hat op wurkgelegenheid en achter stelling fan gebieten. Hy hat dan ek net folie fidüsje yn alle mooglike oplossings dy't no besocht wurde. Mar hy fynt it wol krekt dat der oan tocht wurdt en dat der dochs besocht wurdt in oplossing te finen. As hy de nota "Tegengas" lést liket it lykwols allinne mar in organisatoaryske kwestje, mar sa is it fansels net. It giet om in struktureel probleem en as yn it noarden der ea wat ferbetterje sil dan sil de ynfrastruktuer better moatte mar benammen kennisfermeardering is fan grut be lang. Hy liuwt net yn koarte-termyn-polityk. Miskien set de kri- sissitewaasje dêr't we yn ferkeare üs wol op skerp. Simpel en ienfaldich: der sille politike easken fanüt it noarden utere wurde moatte oan Den Haach. De hear Breeuwsma seit dat it fansels moai is jo grutte broer, Ljouwert yn dit gefal, by de han te pakken en dêr mei op te arbeidzjen. Mar it kin ek gj in kwea om ris in eintsje mei It Hearrenfean op te kuierjen, dêr't se de saken hiel goed oanpakke. De foarsitter seit dat it yndied om in willich ear giet, mar it moat ek fierder: "geen woorden, maar daden". De notysje is nei oanlieding fan de opmerkingen yn'e öfdieling net feroare. Dat hat neffens him yn dit stadium ek gjin sin omt de notysje ek oankundige is as in rjochtingsjowend beliedsstik. Alternativen binne besprekber, jo moatte it béste sykje. N0T27APR.1/H/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 20