- 17 - De diskusje dy't de hear Van der Baan oanswingele hat sil seker syn fuortgong fine en komt wer boppe wetter. It probleem is abso luut net fan organisatoaryske aard en dy yndruk moat de gemeente ek net wekke, it is in grut maatskiplik en ekonomysk probleem. We kinne fansels ris oerlizze mei it provinsjaal bestjoer oft it mooglik is te praten mei Grinslan en Drinte om der meielkoar wat better fan te wurden. Der is ek yn oare opsichten wol kontakt mei It Hearrenfean en Skarsterlan dus dat kin op it mêd fan it ekonomyske belied seker ek barre. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 20 Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van het plaatsen van een reklamezuil op het industrieterrein Biensma. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie er blij mee is dat er 10 bedrijven zijn gevonden die voor hun reklame gebruik willen maken van de zuil. Ze wil het krediet graag in 10 jaar afgeschre ven zien. De hear Roorda seit ut namme fan de mearderheid fan syn fraksje dat hy him fine kin yn it ütstel. Hjirmei wurdt temjitte kaam oan de winsk fan syn fraksje de akwisysje foar it bedriuwenter- rein te fersterkjen. Hy fynt dat dit ynisjatyf trochlutsen wurde moat nei oare terreinen. Posityf is ek de wize fan finansiering. Der is in grutte kans dat ek de restear jende plakken troch bedriuwen ynnommen wurde. Kompliminten foar de amtners dy't dit foarelkoar krigen hawwe. Noch net düdlik binne de öfskriuwings- termyn en de kosten fan ünderhald. Graach wol hy hjir in taljoch- ting op. De pylder, 6 meter heech en 2 meter breed, knalgiel fan kleur mei dêrboppe op in "eyecatcher" mei datum- en temperatuer- oantsjutting. Hüs en Hiem wie net sjarmearre fan it plak en ek net fan de ütfiering fan de pylder. Yn dit gefal is in ófwiken fan it advys fan Hüs en Hiem ferantwurde: in reklamepylder hat allinne sin as dy opfalt. Wat de kleur oanbelanget hie hy leaver blau en grien sjoen dy't better by it karakter fan üs gemeente passe. It plak by de Rjochte Grou tichteby rykswei 32 liket in goede kar. In bykommend foardiel is dat op dizze wize de reklame- boadskippen moai bondele wurde. De hear Veldstra, de minderheid fan syn fraksje, is minder posityf oer it ütstel omt der neffens him al te lichtfeardich mei jild omgien wurdt. Hy fynt dat der wachte wurde moat oant it bedriuwslibben de pylder hielendal betellet. Hoe wis is it dat ek yn'e takomst der ynkomsten binne. Yn it grünbedriuw sit gjin jild. En hy fynt dat der dan ek net ta ditsoarte "stadse frat sen" besluten wurde moat. De ünderbouwing fan dit ütstel is foar him as los san. Ek los fan it jild fynt hy net dat it trochgean moat üt it eachpunt fan lanskips- en miljeufersmoarging en sjoen it feit dat it advys fan Hüs en Hiem net opfolge wurdt. As it in boarger oanbelangje soe, soene we it advys fan Hüs en Hiem net negeare. Hy fynt dat jo jo eigen oanfraach net oars behannelje moatte as dy fan in boarger. NOT27APR.l/H/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 21