Nummer 7: Wethalder Nieuwdam seit dat der in tige nijsgjirrich petear west hat mei in delegaasje fan'e groep. Der binne no hiele goede kont akten mei de hear Van Rhenen. As der mooglikheden binne sil it kolleezje dêr graach oan meiwurkje. Nummer 9: Wethalder Nieuwdam seit dat hy begrepen hat dat de ried ynhald- lik de moasje stypje kin. It liket him goed dat de miening fan de ried troch in brief oan it OLAF kenber makke wurdt. Yn'e öfdielingsgearkomste fan 12 maaie wol hy wiidweidich oer it OLAF prate. Nummer 14: De hear Bouma sjocht yn dizzen wol in taak fan'e gemeente omt it in iepenbiere wei oanbelanget. Mevrouw Van den Berg wil graag het antwoord via de afdeling bij de raad terughebben. De hear Roorda freget it kolleezje hjir posityf op te re- agearjen. Der wurdt net sünder reden praten fan de "enge plek van Akkrum". Hy sjocht graach in oplossing noch foar de kommende hj erst. Nummer 15: Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie deze aanvraag onder steunt. Nummer 16: Mevrouw Van den Berg zegt dat wij in de toekomst wel eens vaker met onze buurgemeenten over dit soort zaken zullen moeten spre ken. Het lijkt haar wel nodig om op bestuurlijk niveau de gedach ten eens te laten gaan over de vraag hoe wij ook de voorzienin gen in de kleine dorpen aan de rand van de gemeente in stand kunnen houden. De foarsitter seit dat it antwurd op in brief oan de ried alti- ten yn'e ried as yn'e öfdieling werom komt. De ried hat it léste wurd. Nummer 14: De foarsitter seit dat elts doarp wol in pear "enge" plakjes hat. Yn'e begrutting is ünfoldwaande romte om dêryn te foarsjen. De fraach sil lykwols ek yn'e öfdieling behannele wurde. Hy kin dus no seker net sizze dat it foar de hjerst wol klear wêze sil. Nummer 15: Wethalder Nieuwdam nimt der kennis fan dat de fraksje fan it C.D.A. dit fersyk stipet. Nummer 16: Wethalder Nieuwdam seit dat hjiroer al faker praten is. Oant no ta wurdt der nea yn finansjele sin öfrekkene as it om saken giet dy't buten üs grinzen lizze. As dat al barre soe soe dat nochal wat presedinten skeppe omt der folie mear aktiviteiten oer de grinzen hinne geane. Nummer 22: De hear Van der Baan freget him óf oft soks samar kin. Nummer 24: De hear Van der Baan wol graach omtinken foar dit skriuwen yn'e öfdieling. Hy tinkt dat it fan belang is dat alle ynformaasje oer Voorpost op tafel komt. NOT27APR.l/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 7