Nummer 21: Mefrou Veldstra seit dat har fraksje benijd is hoe't it kollee- zje dit skriuwen ófhannelje sil en hokker middels it kolleezje eventueel hat om oan harren fersyk te foldwaan. Se wol dit skriuwen yn elts gefal graach yn'e öfdieling behannelje. Nummer 22: Mefrou Sant erna fynt it tige spitich dat dit bard is. Dit brief giet oer deistige saken en hat alles te krijen mei it feit dat boargers hyltiten minder betrouwen yn'e oerheid krije. Se freget it kolleezje alle war te dwaan dit werom te draaien. It kollee zje moat ek yn petear bliuwe mei Pleats lik Belang Wergea. Wie der earder oerlis west dan hie grif immen it kolleezje fertelle kinnen hoe't it krekt ynelkoar sit. De hear Veldstra wol dit skriuwen yn'e öfdieling behannelje. Nummer 18: Mevrouw Van den Berg zegt dat niet altijd het advies of de brief of anders gezegd, de wijze van afhandeling in de afdeling wordt besproken. Zij vindt het spijtig dat de AWS Eendracht Akkrum nog geen bericht heeft gehad. Nummer 23: Mefrou De Boer wol de üntwerpbegrutting graach yn'e twadde öfdieling behannelje. Nummer 24: De hear Roorda seit dat syn fraksje de soarch fan it kolleezje oer it opkommende ekstreem rjochts dielt. Hy hat der alle betrou wen yn dat it kolleezje op passende wize reagearje sil as sok- soarte organisaasje earae in fergunning foar freegje soe. Nummer 21: De hear Bethlehem freget it kolleezje te oerlizzen mei de wente- bouferiening omt dy dochs in bepaalde frijheid hat om hieren fêst te stellen. Dêrneist freget hy hoefier it mei it minima- belied is. Nummer 18: De foarsitter seit ta dat AWS Eendracht gau in antwurd krije sil. Hy seit ta dat yn it kolleezje praten wurde sil oer hoe't op in goede wize it óf dwaan fan brieven oan'e ried ek wer yn'e öf dieling as de ried oan'e oarder komt. Nummer 22: De foarsitter seit dat it de keunst is te bestjoeren op in ferstannige wize en tagelyk it kontakt mei de boargers goed te halden. Wet- en regeljowing jout faken reden ta êfstan. Hy ünderskriuwt dat it spitich is dat dit sa rün is. Hy wol yn'e öfdieling noch wol wat wiidweidiger oer dizze saak prate. Nummer 24: De foarsitter seit dat ek it kolleezje feruntrêste is oer dizze üntwikkeling fan ekstreem rjochts. Yn'e öfdieling sil omtinken jün wurde oan dit maatskiplike fraachstik. Nummer 21: Wethalder Bloem seit ta dat sy yn oerlis mei wethalder Aukes neigean sil op hokker wize yn it petear oer it folkshüsfestingsp- lan in link lein wurde kin nei it hierbelied. Oft by it alderein- belied ek sa dj ip op it hierbelied yngien wurde kin kin sy no noch net goed oersjen. Yntern wurdt der drok wurke oan it minima- belied. De termyn wêrop it klear wêze sil kin sy net oanjaan. Nummer 23: Wethalder Bloem seit ta dat de begrutting ensafuorthinne yn'e öfdieling behannele wurde sille. N0T27APR.1/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 8