- 11 - Sunt it begjin fan Boarnsterhim wie sy ek hjir lid fan de ried en hat hjir 126 gearkomsten meimakke. Se hat bestjoerlik tsjinst dien yn in tige wichtige perioade wêryn sawol lanlik as gemeent- lik in protte bard is. Dizze perioade fan fernijing en feroaring is feitliken noch net öfrün dus eins giet mefrou Bloem te gau fuort. Hy hopet dat mefrou Bloem mei nocht weromtinke kin oan har tiid as riedslid en wethalder yn'e gemeenten Utingeradiel en Boarnsterhim. Wethalder Bloem wol graach dizze léste kear dat sy yn it fermid- den fan de ried is stil stean by de ófrune tiid. Sy betanket eltsenien foar de lokwinsken by har beneaming as direkteur fan it Arbeidsburo. Yn de wurden fan de foarsitter werkent sy in hiele protte fan itjinge sy sizze wol. Eins is it frjemd öfskie te nimmen, want yn in gemeente is it wurk nea dien. It wurk yn it kolleezje en ek yn de ried is teamwurk, it giet eins ek net oan as persoan sa foar it fuotljocht te kommen. De kollektive risseltaten binne folie wichtiger as de persoanlike. Omt per- soanen in team meitsje wol sy by dizze gelegenheid der toch wat langer by stilstean. Sy hat altiten mei nocht en belutsenheid it wurk fan riedslid en wethalder ütfierd. By maatskiplike ak- tiviteiten mei sy net graach oan'e kant stean, har stap nei de polityk hie dér ek alles mei te krijen. Se is dan ek tige bliid dat sy de kans krigen hat dy winsk üt te fieren. Yn in tiid fan beheinde finansjele middels en grutte winsken is dat fansels net altiten like maklik, mar it hat har wol ferplichte de kop der goed by te halden om te besykjen sa doelmjittich mooglik te wurkjen en goed trochtochte besluten nimme te kinnen. As sy it gefoel hie dat de ried minder goed trochtochte besluten naam fün sy dat wol ris soarchlik. Net omt sy har stanpunt as hillich ferklearje wol mar omt sy it fan grut belang fynt de konsekwins- jes fan in beslüt goed mei weagje te litten. It ynskatten fan dy konsekwinsjes en it elkoar dér op oansprekken fynt sy de moaiste diskusjes yn de ried. Noch mear fan datsoarte diskusjes winsket sy de ried en de boargers ta. Neffens har moat der dan üt te kommen wêze. Mei respekt foar alle ferskillende politike partij en moatte wy net tinke dat op üs 17.000 hektare de grutte ideolo- gyske ferskillen ütfjochte wurde moatte. It is üs taak om lykwi- cht. te syken tusken alle ferskillende kanten dy't der oan in saak sitte. Untjowing sunder sosjaal tinken freget in priis. Datselde jildt ek foar de üntjowing sunder omtinken foar de natuer. Mar natuer allinne om natuer te hawwen bringt üs ek net folie fierder. Der binne wolris minsken dy't tinke dat der nei it fallen fan'e Berlynske muorre gjin plak mear is foar it sosjalisme. Sy is sosjalist genöch om der oan te twifeljen. Wat tinkt har learsum is foar mear minsken as sosjalisten allinne is de gedachte dat it foar in goede lykwichtige üntj owing nea goed is de klam op ien aspekt fan in saak te lizzen. Se hat it gefoel de de saken dy't kommende wei binne sa'n brede diskusje fertsjin- je. It sil wol wennen wêze, net mear de fertroude gong nei it gemeen- tekantoar, net mear switte en stinne oer de begrutting, net mear op paad nei de skoallen, nei ferskate bestjoeren en kommisjes. Net mear byprate yn it kolleezje, gjin öfdielingsgearkomsten, gjin skoft yn'e kantine en gean sa mar troch. Se sil dit al- legear misse. Se betanket de ried foar it faaks ünferwachte elemint yn'e goede gearwurking en de goede sfear nettsjinsteande de ferskillen fan miening. N0T18MEI.l/H/ll

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 14