De hear Van der Baan freget werom de dingen yngewikkeld makke wurde as it ek ienfaldich kin. Dat is de keam fan wêr't it om giet. It is wol opfallend dat der earder in düdlik belied lei en dat der oant koartlyn ek gjin sprake wie fan in wiziging fan dat belied. Pas yn'e léste öfdielingsgearkomste waard de ried mei dizze nije sitewaasje konfrontearre. De halding fan'e wethalder, dy't syn fraksje letterlik en figuerlik net sitten seach, is hy min oer te sprekken. Syn fraksje fynt dat it bliuwe moat by de beskikberstelling fan 4 ton. De stichting kin seis jild liene en hy achtet it bestjoer fan'e stichting ek bést by steat de saak goed en saaklik öf te hanneljen. Yn'e finansiering sa't dy yn it ütstel stiet giet syn fraksje dan ek net mei. Syn fraksje stelt ut it sa te dwaan as yn it beslüt fan juny 1991 stiet. Hy fynt dat der wol goed rekken mei de problematyk fan'e omwenjenden halden wurde moat. De oplossings dy't oan no ta oandrügen binne is net de goede by. Hy wol graach fan it kolleezje witte hoe't dy tinkt dat de oplossing wêze moat. De hear Bouma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it ütstel. De nije finansiering sa't dy yn'e tredde ófdieling op tafel kaam, hat him wol wat femuvere, mar oft der sprutsen wurde kin fan in echte beliedswiziging is foar him net wis. It giet nef- fens him om in foarfinansiering foar de stichting. Yn syn fraksje is noch besocht de rintiid fan'e liening werom te bringen. Dat is net slagge omt der de earste jierren mear öf- drugen wurde moat. Nei 10 jier komt der mear romte troch it b.t.w.-ferhaal. As der noch mear hierders komme hat dat ek in geunstich effekt. As de finansiering sa as no ütstelt net troch- giet koe de hiele saak wol ris ófblaast wurde en dat kin seker net de bedoeling wêze. Wethalder Nieuwdam seit dat yndied yn juny 1991 in düdlik beslüt troch de ried nommen is. Begjin dit jier koe de keamgroep yn oerlis mei de architekt in plan op tafel lizze, mar de finan- sjele romte wie net tarikkend. Yn'e petearen dêmei mei de kearngroep hat it kolleezje earst de beliedsline fêsthalden en sein dat it plan goedkeaper wurde moast. Der is no in hiel sober mar doelmjittich bouplan. De stichting hat oan'e gemeente frege garant te stean foar in liening fan f 280.000,00. Dat idee is yn'e ófdieling west. Yn it fierdere petear mei de stichting is de konklüzje west dat de gemeentegaransje in hjit hangizer is en is der tocht oan oare mooglikheden. Uteinlik is dizze belieds wiziging der kaam nei in soarchfaldige öfwaging. Dizze belieds line is hiel düdlik allinne tasnien op dizze konkrete sitewaasje. It kolleezje hat de oertsjüging dat guon partisipanten no einlik ris ünderdak hawwe moatte. Oangeande de finansiering en de fraach oft de gebrükers de hier wol opbringe kinne seit hy dat neat yn it libben seker is. Hy jout ta dat der in mechanisme bestiet yn it feit dat guon gebrükers gemeentlike subsydzje bruke moatte om de hier te betel jen. Hy ferwachtet dan ek fan'e partisipanten dat sy by in eventuele ferleging fan'e gemeentlike subsydzjes dochs sa kreatyf binne om te soargjen dat de eksploi- taasjelesten boppe wetter komme. Hy hat seker net de eangst dat it yn dat gefal as in kaartehüs yn elkoar falie sil. Der is op ynisjatyf fan'e keamgroep praten mei de omwenj enden, ünder oaren fan'e Koarte Miente oer de mooglikheden de ferkearslêst sa lyts mooglik te meitsjen. Der is op koarte termyn in rekon- struksje fan'e Koarte Miente te ferwachten. Yn dat ramt wurde ferkearsdrompels oanlein.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 11