- 15 - 20Mondeling voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het uitbaggeren van het Pikmeer. De foarsitter ljochtet it dtstel ta. Der is fersmoarge bagger ut de Groundaam yn'e Pikmar dumpt. Dat moat der foar 1 augustus wei op oansizzen fan it wetterskip Fryslan. It wetterskip Fryslan giet der fandt dat it gemeentebestj oer fan Boarnsterhim dêr oan meiwurkje sil omt de gemeente eigener is fan'e bagger. It kol- leezje mient dat it, letten op de earnst fan'e sitewaasje, fer- stannich is dat te dwaan. Hy freget dêrta oan'e ried in kredyt fan f 50.000,00 beskikber te stellen dutsen ut de algemiene re serve. It giet dan om in ruzing fan'e kosten. De foarsitter dielt neist it ütstel noch mei dat foar it baggerjen fan de Pikmar der mei f 75.000,00 boppe it kredyt gien is. De dekking dêrfan komt letter oan'e oarder. Oer dit léste punt docht it kolleezje dus no gjin ütstel. De hear Bouma seit dat hy him al lilk makke hat oer it freegjen fan in kredyt fan f 50.000,00. Mar ja, de bagger moat üt'e Pikmar en dêrom leit hy him del by it ütstel om f 50.000,00 beskikber te stellen en dat te dekken üt de algemiene middels. Hy wol yn'e öfdielingsgearkomste fan 5 july alles witte oer it feit dat der boppe it kredyt foar it baggerjen gien is. De hear Breeuwsma is it mei it kolleezje iens dat de fersmoarge bagger derüt moat. Hy kin ynstimme mei it ütstel en hopet dat it opromjen binnen it kredyt bliuwe kin. Hy fynt öfboeken yn ien kear it béste. Oars rinne jo alle jierren wer tsjin dizze smet oan. De hear Van der Baan seit dat it yndied net aardich is wat üs oerkomt. De ried stiet hjir machteleas ünder. Syn fraksje giet mei de oplossing dy't it kolleezje ütstelt, akkoart. Hy hopet dat dit no ien fan de léste affaires yn Boarnsterhim wêze sil. By alles is kontrole fan it grutste gewicht, dat docht no wel wer bliken. De hear Ren ia seit dat der in flater makke is, de gefolgen dêrfan moatte opromme wurde. F 50.000,00 moat it kostje en dat moat helle wurde üt'e "stroppepot", de algemiene reserve. Oer it te boppe gean fan it kredyt foar it baggerjen mei f 75.000,00 merkt hy it folgjende op. Op de ofdieling, dêr't ek it baggerjen ünder fait wurdt somtiden oan'e iene kant mear ütjün dan beg- rutte en oan'e oare kant minder. It moat earst mar ris goed üt- socht wurde. De foarsitter betanket üt namme fan it kolleezje, de ried foar syn beneiering fan dizze saak. It boppe in kredyt gean is heechst serieus en it kolleezje sil der goed nei sjen yn de geast sa't de hear Renia opmurken hat. It wurd "affaire" jout in net posityf byld en dêr is hy gjin leafhawwer fan. Nettemin is it winst dat der goed oer it te boppen gean fan dit kredyt pra ten wurdt. Oangeande de kontröle fan'e budzjetten moat it kol leezje ek yn steat steld wurde in goede metoade dêrfoar te üntwikkeljen. It is absoluut gjin geheim dat it stelsel fan öfspraken op dat mêd foar ferbettering yn oanmerking komt. Der sil sa gau mooglik mei it omromjen begün wurde. NOT15JUN/H/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 17