- 2 - De hear Bourn a seit dat syn fraksje, nei it bekind wurden fan it fuortgean fan mefrou Bloem, tocht wol mei 2 wethalders fierder te kinnen. Dit soe ek in logysk gefolch wêze fan wat yn it bestjoersplan stiet. It gemeentlik apparaat dat effisjinter wurkje moat, it kommisjestelsel dat feroarje sil, minder amtners. Dit alles hie der ta lade kind dat der in bestjoerder minder kaam. De Gemeentewet lit dit lykwols net ta. De foarsit- ter hat der hyltiten foar west dat der in tredde wethalder komt. Oerlis mei de P.v.d.A. hat der laad dat syn fraksje dochs kiest foar in tredde wethalder. De reorganisaasje dy't yn'e beslissen de fase is, sil in protte tiid en omtinken freegje fan'e foarsit- ter en dan is it net mooglik ekstra wurk der by te nimmen. De kar fan in wethalder ut de P.v.d.A. liket him in goede en in logyske. Syn fraksje kin dêrom de kandidatuer fan mefrou De Boer stypje. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje ek fynt dat der wer in tredde wethalder komme moat. Hy hat dêr in tal redenen foar. Wethalder wêze yn Boamsterhim is in parttime funks je. Mei twa wethalders bets jut dat 1,2 baan. Syn fraksje fynt dat dat seker 1,8 wêze moat. Twaddens is der yn üs gemeente noch al wat oan'e oarder. Syn fraksje fynt ek dat de draachkrêft fan dizze gemeen te ferbrede wurde moat. Lykwols, syn fraksje is it perfoarst net iens mei it kolleezjewurkprogram, krekt lyk as mei it bestjoersp lan op ünderdielen. Syn fraksje stipet de kandidatuer fan mefrou De Boer en hopet dat de gemeente mei troch har better, krachti ger nei foaren komme kin. De hear Van der Baan seit dat doe't düdlik waard dat wethalder Bloem fuortgie de P.v.d.A. en de V.V.D. yn'e pleit giene foar it net opfoljen fan har plak. Dat hat him femuvere, benammen as sjoen wurdt nei de omstannichheden dêr't Boamsterhim hjoeddedei yn ferkeart. It skip leit noch lang net op koers en fan elt- senien sil mear as 100 ynset frege wurde. Hy is der bliid mei dat nei oerlis de hiele ried no op it stanpunt stiet dat der wer in tredde wethalder komme moat en dat de P.v.d.A. ek tasein hat te soargjen foar in kandidaat. Syn fraksje stipet de kandidatuer fan mefrou De Boer. De foarsitter freget de leden Van den Berg, L. Veldstra en Santema de stimkommisje te foarmjen. Nei de stimming en in lytse tydlike ünderbrekking fan'e gearkom- ste om de stimmen te tellen, dielt mefrou Veldstra mei dat der 17 stimmen utbrocht binne, wêrfan 16 op mefrou De Boer en 1 ünthalding. De foarsitter konstatearret dat dêrmei mefrou De Boer keazen is as wethalder. Hy lokwinsket har mei dizze beneaming en hopet op in goede gearwurking. Hy slüt de gearkomste foar in lyts skoftke sadat eltsenien de gelegen heid hat wethalder De Boer en de hear Koot te lokwinksjen. De foarsitter weriepent de gearkomste en stelt oan'e oarder: 3Vaststelling van de notulen van de vergadering van 18 mei 1993. De notulen worden onveranderd goedgekeurd. NOT15JUN/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 4