- 3 - 4. Ingekomen stukken. Nummer 6: De hear Roorda seit dat de ündersyksrisseltaten foar syn fraksje gjin oanlieding binne syn opstelling te feroarjen. Hy fynt it in goede saak dat it tal gokautomaten yn us gemeente beheind wurdt. De saneamde 1-0-0-opsje hat de foarkar. Tige wichtich is de foarljochting en de previnsje benammen foar de jongerein op'e skoal len en yn it jongereinwurk. Dit yn gearwurking mei it C.A.D.. It hat bliken dien dat üs gemeente ferline jier 16 gokferslaafden telde. Syn fraksje wol it kolleezje freegje te besjen oft hjir in finansjele bydrage foar frijmakke wurde kin. Bygelyks de legesopbringst fan de oerbliuwende gokautomaten. De hear Van der Baan freget oft der al oerlis mei de horeka plakfün hat. Mefrou Santerna fynt ek it oerlis mei de horeka tige wichtich. De foarsitter seit oerlis ta mei it C.A.D. oer foarlj ochting en previnsje. Dêrfan sil ferslach dien wurde yn'e earste öfdieling. Nummer 1: De hear Van der Baan freget it kolleezje nochris mei dy minsken om'e tafel sitten te gean om ta in oplossing te kommen. As hy goed ynljochte is, is der in skriuwen fan dizze feriening mei it fersyk ta in petear. De foarsitter seit dat as der beweging yn'e stanpunten sit it sinfol is te praten. It feit dat de brêge der leit en der in proseduere rint makket lykwols dat it net ferstannich is yn bestjoerlike sin der yn te wrotten. Nummer 12: De hear Van der Baan seit dat it him muoit dat de oanfraach foar in wynmüne yn Reduzum öfwiisd is. Hy giet der foar yn'e pleit in doarpsmüne ek yndied by it doarp seis te pleatsen omt sa de befolking mear bewust wurdt fan it bestean fan wynenerzjy. Hy freget it kolleezje dizze oanfraach opnij de oerwaagjen. Wethouder Aukes zegt dat er binnenkort een reactie op het Streek plan moet komen waar ook over windmolens gesproken zal worden. Deze en andere aanvragen verdienen zeker de aandacht om over te praten. Nummer 10: Mefrou Santerna fynt dat de minsken fan de pjutteboartersplakken tige kreatyf binne om jild by elkoar te krijen. Yn Wergea en Warten hawwe se 19 km w.c.papier ferkocht. Nummer 11: Mefrou Santerna is bliid mei it risseltaat dat de Stichting Perspektief boekt: mar 6 fan'e jongeren kin spitigernóch gjin plak fine. Nummer 22: Mefrou Santerna hopet dat der in adreswiziging yn sit sadat al dy jonge minsken dy't no nei de sylskoalle gean aanst as se aider binne nochris wer weromkomme. N0T15JUN/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 5