De hear Van Gorkum seit dat dêr dan de ófspraken dy't jün yn'e stjoergroep makke wurde sille byfoege wurde sille. De foarsitter antwurdet de hear Van der Baan dat dit in beslet- ten gearkomste fan de gemeenteried is. De hear Breeuwsma is it dêr net mei iens. Yn in besletten gear komste binne allinne de riedsleden, de foarsitter en de siktaris oanwêzich. Dêr wurde ek aparte oantekens fan makke, dy't ek wer yn in besletten gearkomste goedkard wurde moatte. Hy fynt dat hjir sprake is fan in ynformative gearkomste. De foarsitter seit dat wat it kolleezje oanbelanget dit in besletten gearkomste is dêr't de ried ynformaasje krijt fan par tijen. Dy ynformaasje kin op dit stuit noch net iepenbier jün wurde. De hear Oosterhof freget oft foar it bouwen fan'e wenten ek bouleges frege wurde sille. De hear Van der Baan tinkt" dat de meast essinsjele fraach is mei wa't we ünderhannelje. Hy wol derfan oertsjoege wêze dat de hear Meijer in betrouber man is. It kontrakt sa't dat der no is sit fol iepen einen, Meijer hat gjin inkelde ferplichting op him nommen. Dat fynt hy wol tige opmerklik omt krekt de hear Meijer der alle belang by hat ta dizze üntwikkeling te kommen, hy wol der jild oan fertsjinje. It is ek opmerklik dat de gemeente hjir wer jild, in kwart miljoen, bylizze moat. Dat is yn tsjinstel ling mei wat earder ófpraten is. Tsjin guon sinsneden üt it blau we boekje, side 3, hat hy beswieren omt hy fynt dat de garansje der komme moat. Dy garansje kin easke wurde. Der is sprake fan in stik morele druk nei de ried ta. Der moat dochs foar de ge meente en net foar de projektüntwikkelder praten wurde? Hoe sil der no regele wurde dat der in ferplichting komt ta it ferhieren fan'e wenten. Dy "ferplichting" kinne op alle mooglike manieren omsyld wurde, minsken binne snoad. Hy tinkt dat de ylluzje dat de ried middels kontrakten ensafuorthinne dêr grip op halde kin wol loslitten wurde kin. Mevrouw Van den Berg legt er de nadruk op dat er ontzettend veel open einden zijn. Zolang de risico's niet goed afgedekt zijn heeft haar fractie de grootst mogelijke moeite met dit ontwikke lingsplan voor Terheme. Dit project biedt het dorp niets. Het is een illusie dat dit project veel nieuwe werkgelegenheid met zich mee zal brengen. Mefrou De Boer hat lézen dat de maatskiplike en ekonomyske effekten ündersocht binne. Dêrdt docht bliken dat der wol in protte nije wurkplakken komme sille. Se freget wat der foar de groep midden en legere ynkommens oerbliuwt yn Terheme wat de kar fan it hieren fan simmerhüskes oanbelanget. Se tinkt dat de ferhierplicht net maklik te kontrolearjen en hurd te meitsjen is. Se fynt it wat tsjinstridich dat der no stiet dat eigeners mei mear as 30 wenten net hoege te ferhieren. NOT21JAM.1/H/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 23