- 10 - De hear Van der Baan stelt dat It Fryske Gea krekt de minsken büten de natuer halde wol. Miskien is it in idee en set in tele lens op de Aldehou dan kin it hiele gea oersjoen wurde. Hoe sjocht de nije beliedsline oangeande de hichte fan gebouwen der üt. Wannear hawwe we no einliks de hichte? Wannear sil der einliks ris kontrolearre wurde op wat der allegear boud wurdt. Der wurde oanfragen foar bygbouwen dien en oeral ferskine pypkes en gerdyntsjes. De hear Breeuwsma tinkt dat de wurden fa'e wethalder dat it giet om in nij ynsetten üntwikkeling hiel serieus nommen wurde moatteIt Fryske Gea wol graach dat it Aide Feanengebiet hiel fier temjitte komt oan'e natuerbelangen. Der leit yn dat gebiet de grutte tsjinstelling: natuer-rekréaasje. De utsjochtoer sil aanst in argumint wêze om fierdergeande maatregels te nimmen. Dêrom sjocht hy dizze toer ek in bytsje as de toer fan Babel dêr't ek in soad ellinde ut fuort kaam. Hy warsköget derfoar dat dizze utsjochtoer wol ris it begjin fan it ein betsjutte kin fan de rekréaasje yn dit gebiet. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje him fine kin yn'e utlis fan it kolleezje oangeande de utsjochtoer fan It Fryske Gea. Mefrou Santema seit dat it net sa wêze moat dat we It Fryske Gea de finger jowe en dat se de hiele han nimme. Sy fynt it net in sukses folie kar fan It Fryske Gea om in utsjochtoer yn dit gebiet del te setten. De hear Renia seit dat doe't hy eartiids troch de lannen swalke hy gjin ütsjochtoer nedich hie. Oeral wie de tagong frij, it tilde op fan fee en blommen. Hjoeddedei is dat safier achter- ütgong dat hjir en dêr spesjale fjildsjes oanlein wurde moatte om soarten yn stan te halden. En dan meie we fanóf in toer der nei sjen. Dat is it yntryste fan dizze saak. Krekt troch wat de rninsken mei de natuer dien hawwe binne ditsoarte f oars j ennings nedich. De heer Koot had het plan een toren aan de andere kant van het Prinses Margrietkanaal te plaatsen zodat die ook toegankelijk was voor fietsers en voetgangers. It Fryske Gea vond dat ook wel een goed plan maar had het geld er niet voor. Wethouder Aukes onderschrijft de woorden van de heer Renia. Het college is bezig voor hetzelfde gebied een beheersplan vast te stellen. Zij vindt het van belang dat de uitspraken van de raad daarin worden meegenomen. Zij hoopt dat It Fryske Gea gaat in zien dat de natuur er is voor de mensen en dat die mensen zelf hun verantwoordelijkheid ten aanzien van die natuur wel kennen. Zij zal de heer Van der Baan de beleidslijn die is uitgezet be treffende de hoogte van de bijgebouwen toezenden. De foarsitter seit dat it wol maklik praat oer in partner dy t net oan'e tafel sit. Hy tinkt dat It Fryske Gea net op alle pun ten rjocht dien wurdt. It Fryske Gea is m natuerbeskermingsor- ganisaasje en hat as doel de natuer te bewarjen. It giet no om de fraach hoe't it publyk noch fan de natuer genietsje kin. It leit seker net yn it foarnimmen, ek net fan It Fryske Gea om de Aide Feanen óf te sluten foar alle publyk. As de ried it ferlet dêrta fielt wol it kolleezje It Fryske Gea best ris ütnoegje wol om yn it iepenbier te diskusjearjen. NOT20JUL.l/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 14