GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boamsterhim gehouden op 25 augustus 1993 om 19.30 uur in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga (wethouder), K. van den Berg-Wiersma, T. de Boer (wethouder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en de heren J. Bethlehem, A. Breeuwsma, S. Bouma, A.P. Oosterhof, J. Roorda en H. Veldstra. Afwezig: mevrouw J.A. de Vries en de heren J.A. van der Baan, Y. Dotinga, J.A. Koot, A. Nieuwdam en P.M. Renia. Voorzitter: de heer Y. Dijkstra. Secretarismevrouw A.M.E. van der Sluijs. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o De foarsitter iepent de gearkomste en hjiit eltsenien hertlik wolkom. Hy dielt mei dat oan de hear Douwe Atema de erepenning fan'e gemeente skonken is. Dit fanwegen syn grutte fertsjinsten op it mêd fan kultuer, histoarje en maatskiplike tsjinstberensAs tredde punt wurdt oan'e wurklist taheakkke: realisering fan it wetterpark Ter- herne. Hy stelt oan'e oarder: 1Voorstel betreffende het beschikbaar stellen van aanvullende geldmiddelen voor baggerwerken in het Pikmeer. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje akkoart giet mei dit kredyt. De smoargens moat der ommers ut. Hy fynt it wol ferfe- lend dat der faak earst mei te lytse krediten wurke wurdt en dat der pas achteröf goed rekkene wurdt. Hy hopet dat it by dit kredyt bliuwt. Frou Veldstra sprekt fan in tryste saak. Har fraksje stimt yn mei it frege kredyt mar net fan herten. Se hat noch wol inkelde fragen: Wa seit dat dit echt it léste kredyt is? Is der ek in oare oplossing mooglik? Wa hat de opdracht krigen en hoe sit it mei de dekking? De hear Bouma seit dat de gemeente troch dizze saak yn in raar deiljocht is kommen te stean. De kosten fan it baggerjen falie folie heger üt. Der binne amtners skorst. Dat it slib yn'e Pik- mar leit is wis, dat it der wei moat ek. Mar de skuldfraach is noch net oplost. De grutte fraach is hoe't it slib yn'e Groun- daam kommen is. In jier as 8 lyn is de Groundaam ütbaggere, doe wie dy dus skjin. Syn gedachte is dat it miskien komt fan oalje en ferve fan'e boaten dy't yn de Groundaam lizze en troch de streaming fanüt it Pikmar yn'e Groundaam. NOT25AUG/H/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 20