- 2 - De fersmoarge grün kin dus bést büten de skuld fan de gemeente yn'e Groundaan komme. De fraach wa't ferantwurdlik is en oan- spraaklik steld wurde kin moat dus steld wurde. Hy trunet oan op in ündersyk. Syn fraksje giet, mei pine yn it hert akkoart mei it ütstel al kostet it hannen fol jild. De hear Veldstra seit dat syn fraksje akkoart giet mei it ütstel. Hy fynt de kosten fan bemonstering yn ferliking mei de totale kosten nochal heech. Hy freget oft der mear offertes west hawwe en oft de 8 ton tarikkend is. Ek freget hy oft der mear tsjinfallers te ferwachtsjen binne. De ütkomsten fan it gerjocht- lik foaründersyk moatte oan'e ried foarlein wurde. Ek moat der düdlikheid komme foar de belutsen amtners. De foarsitter seit dat it kolleezje mei ynstimming harke hat nei wat de ried sein hat. Op basis fan'e gegevens sa't dy der no binne kin hy sizze dat dit it léste kredyt is wat de ried frege wurdt foar it ferwiderjen fan it slib. Nei oanlieding fan de opmerking dat it gerjochtlik foaründersyk gau düdlikheid jaan moat, ek foar de belutsen amtners, seit hy dat de gemeente in ferantwurdlikheid hat as wurkjouwer en as oerheid. It is goed dat der gau in ütslach komt mar dy moat dan wol deeglik wêze. Dizze wize fan ferwidering fan it slib is de iennichst deugd- elike mooglikheid, oare binne der net. De fraach fan de hear Bouma nei wa't eins ferantwurdlik is en oft de kosten dan ek deklarearre wurde kinne, is tige ynteressant. Hy freget de hear Bouma hjir djipper yn te düken en yn'e öfdieling dér ris wiid- weidich oer te praten. Hy seit de hear Veldstra ta yn'e öf dieling de details fan'e offerte sjen te litten. Der binne net mear offertes frege fanwegen it üntbrekken fan foldwaande tiid. De hear Breeuwsma seit dat der earst boppe de begrutting gien wurdt mei f 75.000,00 en dan wurdt der f 50.000,00 frege foar it opromjen fan it slib. No moat it noch safolle mear kostje. It wie net bést as it bedriuwslibben sa wurke. Men soe gau failliet wêze. De hear Bouma sil graach yn de fraach nei wa't ferantwurdlik is en oft der in mooglikheid ta ferhaal is, düke. Mefrou Veldstra merkt op dat dit wol echt it léste kredyt wêze moat. De foarsitter is it mei de hear Breeuwsma iens dat safolle boppe de begrutting gean net barre mei. Mar de ried wit ek wol dat it kolleezje op dat momint gjin adekwate organisaasje achter him hie en dat der gjin goede budzjetkontröle mooglik wie. In fer liking mei it bedriuws libben fynt hy net op syn plak. Doe't it kolleezje wist hoe't it der foar stie is de ried op'e hichte brocht. As der doe earst lang en breed rekkene wie hie de ried fêst opmurken dat it te lang duorre foardat hy ynljochte waard. De fêststelling fan it kolleezje dat it slib üt de Groundaam komt haldt gjin erkenning fan skuld yn. Hy wachtet graach de befiningen fan de hear Bouma öf. Yn gearwurking mei de provinsje is der foar it opromjen fan it slib in yngewikkeld rasterpatroan üntwikkeleDe tiid üntbruts om wiidweidich offertes te freegjen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. N0T25AUG/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 21