- 3 - 2Voorstel tot benoeming van een ambtenaar van de burgerlijke stand. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. De foarsitter slüt de gearkomste tydlik om 20.03 oere. Hy weriepent de gearkomste op 20.45 oere en stelt oan'e oarder 3Voorstel tot wijziging van het Recreatieprojeet Terherne. De foarsitter ljochtet yn it koart it ütstel ta. Hy seit dat mocht dit ütstel al ekstra jild kostje dat socht wurde sil yn de besteande krediten troch yntern dêrmei te skowen. Mevrouw Van den Berg zegt dat zij het voorstel pas gistermiddag heeft gekregen. En vanmiddag nog een gewijzigd voorstel. Dat is wel erg laat. Dat het college blij is met deze oplossing kan zij zich indenken. Het is echter zeer vervelend dat het college niet correct heeft gehandeld en om de raad heen is gegaan door vooraf gaande aan de raadsvergadering een persconferentie te beleggen. Die persconferentie wekte de indruk dat de raad alleen nog maar ja kon knikken. Haar fractie wil in ieder geval een duidelijk financieel plaatje hetgeen nu ontbreekt. De hear Breeuwsma seit dat him nochal wat dingen benearje. Hy hat grutte noed dat dizze planwiziging büten de ynspraak om giet alhoewol't wol sein is dat it legaal is sa't it no giet. Yn feite is dizze gearkomste net nedich en moat hy sjoen wurde as taljochting op'e plannen. De demokrasy is net tsjinne mei de wize fan ünderhanneljen sa't no bard is. Der is him ferteld dat it ütstel yn oerienstimming is mei wat mei. Mar it soe yn oer- ienstimming wêze moatte mei hoe't it heart. Wy meie gjin minksen tekoart dwaan. As it op it alderskerpst giet moat der keazen wurde foar sa't it heart. Mefrou Veldstra freget it ütstel oan te halden oant de ried folslein is. Har fraksje is fan betinken dat de plannen foar Terherne gjin sint mear kostje meie. Hokker ferskowingen yn'e budzjetten bedoelt de foarsitter eins? Sy wurdearret it tige dat it kolleezje socht hat om in goede oplossing. Lykwols is it net soarchfaldich bard en is de ried foar it blok setten. Om dy re den is sy tsjin it ütstel. De hear Bouma seit dat der in hiele hoop ophef west hat oer Terherne. Undertusken hat it kolleezje yn alle stilte wurke oan in oplossing en dat mei in fantastysk risseltaat. Hy felisitear- ret it kolleezje mei dizze oerienstimming op alle fronten. Mei it demokratysk gehalte fan dit ütstel sit it wol goed. Hy fynt it net terjochte dat der mist oproppen wurdt oer dizze o sa düdlike saak. De hear Veldstra seit dat der nei de oanfanklik optimistyske brief fan 30 july 1991 in hiele protte bard is. Nei in skoft fan grutte soarch is it optimisme no wer werom. Hy freget it kol leezje om in evaluaasjerapport oer Terherne as alles achter de rêch is. Dit om ynsjoch yn it gehiel te krijen en om dêr fan te learen. De detaillearre tekening fan it plan om Louwer om'e tün hinne sjocht der goed üt. Alle wurdearring foar it kolleezje foar it beheljen fan dit risseltaat. Ta einbeslüt merkt hy op dat hy hopet dat de projektüntwikkelder ek foar de minder draach- krachtigen wat dwaan sil. N0T25AUG/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 22