- 4 - De foarsitter betanket de hearen Bouma en Veldstra foar harren réaksje. Der wie sprake fan in ympasse en dêr binne we no üt mei, tinkt him, in akseptabel risseltaat. De ried is goed ynfor- mearre. De fraksjes fan C.D.A. en F.N.P. roppe lykwols bewust mist op troch te suggerearjen dat der sprake is fan in ünde- mokratyske proseduere. Sokke wurden passé de fraksjes fan it C.D.A. en de F.N.P. net. It is demagogyske praat en hy freget dêrom oan de oanbelangjende riedsleden harren wurden werom te nimmen. Ienriedigens en betrouwen yn'e ried fynt hy fan hiel grut belang. Dat it kolleezje om de ried hinnegien is, is per- foarst net wier. It C.D.A. stelt him teloar troch sa'n opmerking te meitsjen. Hy freget de hear Breeuwsma om syn wurden dat saken dien wurde moatte sa't it heart, te weroerwagen. Hy wiist him dêrby op syn eed wêrby de hear Breeuwsma tasein hat de belangen fan de gemeente earlik en betrouber te tsjinjen. Mevrouw Van den Berg zegt dat het haar bijzonder aanspreekt als de voorzitter zegt dat de raad op basis van vertrouwen verant woordelijk is. Maar als er voordat met de raad is gesproken een persconferentie wordt gegeven dan vindt zij dat een miskenning van de raad. Het college had dat niet gedaan als hij vertrouwen in de raad had gehad. Het college wist dat hij gesteund werd door de fracties die een vertegenwoordiger hebben in het college en het kwam in haar op dat dit eigenlijk riekt naar misbruik van politieke macht. De hear Breeuwsma fynt dat de foarsitter mar in stevich antwurd jün hat. Dit is de earste kear dat tsjin him sein is dat hy wurden weromnimme moat en dat hy net it belang fan de gemeente tsjinnet. Hy hat de eed öflein, net om it kolleezje de han boppe de holle te halden mar om op te kommen foar de boargers fan dizze gemeente en foar harren finansjes. As hy in opmerking oer it demokratyske gehalte fan dit ütstel ta planwiziging meitsje wol dan docht hy dat. Hy nimt net ien fan syn wurden werom. De foarsitter soe wol mei wat minder skerp geskut komme kinne. Mefrou Veldstra is skokt troch de füleindige réaksje fan de foarsitter. It is net har opset negatyf te wezen. Mar dit liket har net it krekte momint om sa'n wichtich beslüt te nimmen omt har fraksje net folslein is. Om in goede öfwaging meitsje te kinnen moat it ek finansjeel goed besjoen wurde kinne. Sy stelt üt mei dit beslüt te wachtsjen oant de ried folslein is. Har tinkt dat Brussel best efkes wachtsje wol. Mefrou Santerna is hiel bliid mei dit risseltaat en winsket Terherne in protte lok en wille mei dit plan. Gelokkich woene beide partijen heal wyn sile en koe de skea foar de boargers sa beheind bliuwe. De foarsitter hat ek noch tasein dat dit plan de mienskip gjin mear jild kostje sil sadat de finansjele balstien net noch grutter wurden is. De hear Bethlehem is it mei de foarsitter iens dat de oppo- sysjepartijen te fier gien binne. Syn fraksje hat gjin beswier tsjin in parsekonferinsje foar de riedsgearkomste: soks komt ek wol yn oare gemeenten foar. De hear Breeuwsma hat op ferskil- lende stuollen sitten, dus hy wit hiel goed wêr't de rane is. De F.N.P. hat fan it begjin óf oan neagatyf west as it oer de plan nen foar Terherne gie. It komt fansels folie faker foar dat kollegepartijen it meielkoar iens binne, dat is gjin nijs. Hy felisitearret it kolleezje mei it behelle risseltaat. N0T25AUG/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 23