- 5 - De foarsitter betanket mefrou Santema en de hear Bethlehem foar harren wurden. Yn de iepen demokrasy fan hjoeddedei is it hiel gewoan dat der foar in riedsgearkomste al in parsekonferinsje belein wurdt. In parsekonferinsje hat gjin formele betsjutting en hat neat te krijen mei de relaasje ried:kolleezje. Yn it seniorenkonvent dêr't it ütstel ek besprutsen is wiene de leden fan it kolleezje derby fanwegen de kollegiale ferantwurdlikheid en om by te praten. Hysels fielt him as foarsitter fan de ried folslein ünöfhinklik as it giet om it tsjinjen fan it belang fan de gemeente. It C.D.A. en de F.N.P. binne ek wol bekind mei syn ynfalshoeke, nammentlik dat de ried alles witte moat wat yn it kolleezj e bepraten is en wat fan belang foar de saak is. Syn ynfalshoeke is ek dat de ried yn sa'n grut mooglike mearderheid akkoart gean moatte soe mei de ütstellen. It kolleezje is yn guon gefallen seis ree ütstellen oan te passen. Dat de hear Breeuwsma net ien fan syn wurden weromnimme wol moat hy seis witte. Mar de boargers soene üt syn wurden yn de earste termyn de yndruk krije kinne dat it kolleezje dwaande is mei mis- lieding. Yn morele sin fynt hy dat soks dus net sein wurde kin. De hear Breeuwsma soe sykje moatte nei wat bynt en net nei dat wat skiedt. De hear Breeuwsma fynt dat de foarsitter te skerp antwurde hat. Soks wie fansels gj in ienrjochtingsferkear mar in réaksje op de ek hiel skerpe wurden fan de hear Breeuwsma seis. Troch it ütstel oan te halden, sa as mefrou Veldstra wol, rint de ried it risiko de subsydzjes mis te rinnen. Foarütskowen fan it ütstel betsjut dat der oer in fatale grins hinne gien wurdt. Ek in net folsleine ried kin wol in goed beslüt nimme. Tekening nümer 9226-y is de basis fan dizze parsjele feroaring fan it doarpsfemij ingsplan. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie niet tegen het plan en de daarbijbehorende tekening is. Haar fractie is tegen op grond van het ontbreken van een financiële onderbouwing. De foarsitter seit dat it kolleezje gjin eksakte finansjele ünderbouwing jaan kin. Troch it net oannimmen fan dit ütstel rinne we de subsydzjes mis. De krediten dy't de ried beskikber steld hat binne binnen de limyt en dêrmei is it finansjele ramt hiel düdlik. De foarsitter slüt de gearkomste tydlik om 21.40 oere foar oerlis Hy weriepent de gearkomste om 21.45 oere. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie in de eerstvolgende afdelingsvergadering opening van zaken wil over de kosten, het beschikbare budget en de verschuivingen die door dit voorstel optreden. Zij heeft grote zorg dat deze verschuiving ten koste zal gaan van de echte dorpsvernieuwing ten behoeve van de inwo ners van Terherne. De foarsitter seit dat it kolleezje fansels graach mei de öf- dieling prate wol. Ek it stik dat by de notaris leit kin dan besprutsen wurde. Sa gau as it mooglik is, der moat ommers in trochrekkening makke wurde, sille de stikken tastjoerd wurde en kinne dy yn de earste öfdieling besprutsen wurde. Hy konkludear- ret dat de folsleine ried ynstimme kin mei it ütstel. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. NOT25AUG/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 24