GEMEENTE BOARNSTERHIM Portefeuillehouder: wethalder mefrou T. de Boer. 17. Utstel om in beslüt te nimmen om de iepenbiere basisskoalle "It Kampke" te Terheme yn stan te halden. Oan'e gemeenteried Grou, 10 septimber 1993. Op grün fan kêst 108, le lid fan de Wet op it Basisünderwiis moat de gemeenteried beslute in iepenbiere basisskoalle op te düken, wan- near't in tal learlingen op beide teldatums fan 2 skoallejierren efterinoar minder west hat as 50 yn in gemeente mei minder as 25.000 ynwenners skoallejierren 1991/1992 en 1992/1993). Dat beslüt moat nommen wurde foar 16 oktober fan it skoallejier, dat folget op beide skoallejierren, lyk as hjirfoar oanjün is oftewol foar 16 oktober 1993. Neffens kêst 108, 4e lid, fan neamde wet, beslüt de gemeenteried lykwols om de skoalle yn stan te halden, wannear't dat needsaaklik is om te foarsjen yn foldwaande gelegenheid om iepenbier ünderwiis te folgjen. Ek dat beslüt moat nommen wurde foar 16 oktober 1993. Yn beide gefallen moat it riedsbeslüt troch Deputearre Steaten goed- kard wurde. It beslüt fan Deputearre Steaten moat foar 16 febrewaris 1994 nommen wurde. Nei oanlieding fan it boppesteande diele wy jimme mei, dat op dit stuit yn üs gemeente 1 iepenbiere basisskoalle oanwêzich is, dy't under de noarm, sa as hjir boppe beskreaun is, fan 50 learlingen fait, nammentlik "It Kampke" te Terheme. Dy skoalle telde op 1 oktober 1991 42 learlingen en op 1 oktober 1992 47 learlingen. De léste kear dat Deputearre Steaten fan Fryslan it ynstanhalden fan "It Kampke" yn Terheme goedkard hawwe wie 15 desimber 1992 (brief Deputearre Steaten fan 8 febrewaris 1993, nümer BW92-52297) It ynstanhalden op grün fan de "Deetmannoarm" is öfhinklik fan de situaasje op 1 oktober, oanslutend op de 2 foaröfgeande skoallejier- ren (1 oktober 1991 en 1 oktober 1992) oftewol 1 oktober 1993. Op it stuit dat it ynstanhaldingsbeslüt troch de gemeenteried nommen wurde moat (gjin riedsgearkomste tusken 1 en 16 oktober 1993) is het net mooglik mei absolute wissichheid fêst te stellen at op 1 oktober 1993 ek oan de "Deetmannoarm" foldwaan wurde sil, al liket it der op, dat it tal learlingen fan "It Kampke" dan 45 wêze sil. DMVRISH.OBS/OW/l

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 66