- 2 - As de wethalder yn febrewaris in harkjend ear han hie en net de oprjocht miende goede ried öfdien hie mei in skampere opmerking en mei de beswiermakker om tafel gien wie dan hie der op dit stuit al in folie bettere sitewaasje lein. De hear Zwaginga hat frege om oerlis mei de wethalder en dat is net honorearre. Datis in misser.No't dizze boarger op koarte termyn gelyk kriget fan'e rjochter wurdt hy swart öfskildere en dat kin net. Hy freget de wethalder mei klam ófstan te nimmen fan dy opfetting. De tryste kant fan dizze saak is dat de hjoeddeistige bestjoerders neat leard hawwe fan eardere mislearringen en har neat oanlüke fan warskögings. Fan de kant fan de bestjoerders is ek nea it gefoel jün dat der wolris mistaast wurdt. In ruterlike erkenning fan in ferkearde ynskatting troch it kolleezje soe wolris goed wêze. Syn fraksje fynt dat de projekten dy't de gemeente no under hannen hat yn elts gefal foar üs gemeente fierstente te kompleks binne. De gemeente Boarnsterhim kin op dit stuit ditsoarte plan nen absoluut net oan. Hy wol der foar warskögje dat yn'e takomst folie hoedener mei de privaat/publike gearwurking omgien wurdt en dat der minder yngewikkelde plannen üntwikkele wurde. De hear Breeuwsma fynt dat der hiel nonchalant omgien is mei guon opmerkingen fan de ried yn in earder stadium oer it op dizze wize presintearjen fan it doarpsfernijingsplan troch it der yn heljen fan 200 rekreaasjewenten. Dizze krityk waard fuortwiuwt en dat is op himsels noch net sa slim. Wat folie slim mer is is dat de finansjele sitewaasje fan'e gemeente striemin is en dat der lykwols finansjele konsekwinsjes oangien wurde fan safolle miljoen. Hy fynt dat der te grutte risiko's nommen binne mei wierskynlik hiele grutte finansjele konsekwinsjes ek foar üs boargers. Der binne aanst in pear minsken dy't it foar it sizzen hawwe. Dat binne de beswiermakker en de projektüntwikkelder dy't in izersterk kontrakt hat. We binne oan de eigenwille fan dy minsken oerlevere en dat giet fierstente fier. It kolleezje, mar ek de adviseurs fan it kolleezje binne folslein mis west. Se binne net op harren taak berekkene. De hear Renia seit dat op dit stuit de motivaasje fan'e rjochter noch net bekind is. Dochs wol hy no al syn teloarstelling ütsp- rekke oer de gong fan saken. Hy is net teloarsteld yn'e boarger dy't syn rjocht siket mar yn it kolleezje. Der is al in protte learjild betelle. Syn fraksje hat der algeduerich op hammere en frege nei de beswieren oft dy't de plannen noch yn'e tsjillen ride koene. Fan amtlike sawol as fan bestjoerlike kant is by herhelling fersekere dat dat net koe. Doe't dat sa sein is en sjoen alle foarwurk hat syn fraksje ynstimd mei de plannen. Mocht it sa wêze dat behalve it weifallen fan subsydzjes der in grutte strop foar üs boargers achterwei komt dan sil hy persoan- lik it kolleezje dêr polityk ferantwurdlik foar stelle. Hy hopet lykwols dat dit probleem op in oare wize oplost wurde kin. Wethouder Aukes kan zich voorstellen dat de fracties teleurge steld hebben gereageerd. Dat geldt ook voor het college. Het college heeft niet onderkend dat er een kink in de kabel zou komen, alhoewel op dit moment nog niet bekend is wat de uit spraak van de rechter precies is. We zijn met z'n allen in een trein gestapt die niet meer gestopt kon worden. Het college heeft zich wel terdege gerealiseerd dat er bezwaren zijn. Wat heel belangrijk was voor het hele plan was dat het dorpsvernieu wingsplan onherroepelijk goedgekeurd zou worden door de provin cie. NOT20JUL.l/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 6