- 13 - 7Voorstel tot voorlopige vaststelling van de rekening over 1992 van het gemeentelijk grondbedrijf. De hear Bouma neamt it grünbedriuw in bongel oan de poat fan de gemeente. Hy fynt dat de gemeente mear de merk opgean moat mei grün dy't de keap is. Ek de grün dy't der yn ferskate lytse doarpen noch leit. Ek oare gemeenten biede soksoarte grün wol yn in cluster oan yn gearwurking mei bygelyks in projektüntwik- kelder De hear Veldstra seit dat syn fraksje it kolleezje freget om in tuskentiidse rapportaazje fan de stan fan saken. Sa kin de ried op'e hichte bliuwe en kin der mooglik maatregels nommen wurde. Syn fraksje freget it kolleezje oft it mooglik is en ündersykje it ynstellen fan in soarte wurkgelegenheidsfüns yn relaasje ta de priis fan grün. De foarsitter seit dat de "bongel oan'e poat" dêr't de hear Bouma oer prate wol de sitewaasje typearret. It kolleezje is fan betinken dat earst organisatoarysk saken feroarje moatte foardat tuskentiidse rapportaazje effekt hawwe sil. It kolleezje hat maatregels troffen en dy moatte der foar soargje dat it grünbed- riuw yn likernöch 3 as 4 jier wer sün wurdt. Hy wol oer dy maat regels wolris yn'e öfdieling prate. Prinsipjeel is it kolleezje it mei de hear Veldstra iens as dy praat oer in relaasje wurkge- legenheidsfüns-grünbedriuw. As Boarnsterhim op it punt fan e wurkgelegenheid wat dwaan wol sil der ünder oaren in differins- jaasje yn grünpriizen komme moatte. Mar dat moat dan net op kos ten fan it grünbedriuw. Foar sa'n wurkgelegenheidsfüns is in bestjoerlike beslissing nedich. Op dit stuit kin it kolleezje noch gjin tasizzing dwaan. Mevrouw Van den Berg zegt dat er al een werkgelegenheids fonds is groot f 62.000,00. In het bedrag van f 199.000,00 zit ook een saldo incentive gelden. Het is maar de vraag hoe, wat en waar je geld wilt gebruiken om beleid te ontwikkelen. De hear Van der Baan femuvert him tige oer de analyse fan it grünbedriuw fan de hear Bouma. It binne altiten de lytskes dy t de skuld krije. It grutte tekoart yn it grünbedriuw komt yn it foarste plak fan de yndustryterreinen Spikerboar en Biensma. Hy is trouwens noch altiten bliid dat hy tsjin Biensma stimd hat. Hy protestearret füleindich tsjin itjinge de hear Bouma sein hat oer de lytse doarpen. De foarsitter seit dat it kolleezje bedoelt dat as de ried ree is in stik belied yn it ramt fan de wurkgelegenheid te üntwik- keljen dat net op kosten fan it grünbedriuw barre moat. As der yn slagge wurdt in ridlik wurkgelegenheidsfüns te kreëarjen soe dat hiel moai wêze. It giet him, sjoen de minne finansjele sitewaasje, no te fier om dat al ta te sizzen. Hy hat de wurden fan de hear Bouma as folget ynterpretearre. It probleem by it grünbedriuw freget om in stevige oanpak. Demjonken soe it net ferkeard wêze de aktiviteiten te rjochtsjen op de ferkeap fan yndustryterrein mar ek op ferkeap fan grün yn de lytse doarpen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. N0T190KT/H13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 17