- 3 - Mefrou Santema freget har öf werom dizze besunigingen no krekt oer de rêch fan de alderein gean moatte. En uteinlik komt it wer op it personiel del. Se freget hoe't it mei de füzjebesprekkings stiet. Graach soe sy dêr ris yn'e ofdieling oer prate wolle. Wethalder De Boer seit dat it kolleezje him wol ferantwurdlik fielt foar it yn stan halden fan de soarch foar de alderen yn üs gemeente. Yn'e ofdieling sil der diskussiearre wurde kinne oer de stan fan saken oangeande de füzje. Punt 4: De foarsitter seit dat dit punt as in utstel behannele wurde kin. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje wol posityf tinkt oer de gedachten dy't yn dit stik dellein binne; dit ütstel kin in gode oanset wêze. Der sille seker goede ranebetingsten opsteld wurde moatte. De gemeente sil seis yn de gearwurking mei private partijen hiel sterk stean moatte. Yn it ferline hat dat wolris net sa west. De betingsten foar in gearwurking sille ek neamd wurde moatte en der moat under de gearwurking in stevige disci pline lizze. De projektlieder sil in ünófhinklik man wêze moatte. De ried soe eins witte moatte wa't der oanlutsen wurdt. Soe der ek socht wurde kinne nei gearwurking mei oare gemeenten. Fan belang binne goede ynstruksjes foar de projektlieder. Hy moat ek mar net syn gang gean kinne. Dat sil ynhalde dat der geregeldwei rapportearre wurde moat. Dizze rapportaazje moat in fêst agendapunt foar it kolleezje en mooglik de ried wêze. Kin it kolleezje ek in konkreet gefal neame dêr't al sa wurke is. Dat is foar de oardielsfoarming fan'e ried wol goed. Hy is wat skrokken fa de sin dat by grutte projekten it totale projektmana- gemint ut hannen jün wurde moatte soe. Dat fynt hy no krekt net. It kolleezje soe dy sin eins weromnimme moatte. It is fan grut belang dat de ried bestimmingsplannen fêststeld foardat it fiat oan in projekt jün wurdt. Kin it kolleezje ek konkreet oanjaan wat hy bedoelt mei de saneamde golfbeweging sa't dy yn'e fjirde alinea fan side 4 neamd wurdt. It feit dat rintelêsten betelle wurde moatte sil der altiten bliuwe, sawol as in projekt troch de private sektor as troch de gemeente utfierd wurdt. As léste freget hy wat it kolleezje dien hie as it plan Terheme no oan'e oarder wie. De hear Ren ia seit dat it sechje is dat as de wal it skip keart jo troch de wyn moatte. Dy wal is yn dit gefal it jild.^ Yn grutte projekten kin de gemeente him no ienris net seis réde. Dus wurde der oare wegen socht. Der rinne op it stuit al in fjouwertal eksperiminten: Terheme, Wergea, Reduzum Süd en aanst Akkrum East. Hy fynt eins dat earst ris sjoen wurde moat hoe't dy projekten ten goede as ten kweade foar de gemeente ütwurke hawwe. Der binne wis saken ten kweade. Hoe't dy tefoaren kommen wurde moatte moat dreech oer neitocht wurde. Op it momint dat it projekt oerdrügen wurdt oan'e private sektor sil dat ek kon- trolearre wurde moatte. En hoe kin der kontróle wêze as der te min saakkundigens is. Dat probleem wie libbensgrut oanwêzich by Terherne. It plan sa't wy dat foarlizzen hiene is net sa utfierd omt wy "yn'e greep" sieten fan de utfierder fan it projekt. Hy fynt dat kear op kear besjoen wurdt oft der op de dtstelde wize wurke wurde sil. N0T19OKT/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 7