De hear Bouma tinkt dat it in goede saak is dat by grutte projek- ten der in aparte man as frou is dy't de saak yn'e gaten haldt en dy't wit wat der barre moat. De gemeente moat goede bestim- mingsplannen meitsje oan'e han wêrfan bekind is wat der frege wurdt en wat der dtfierd wurde moat. De ried kin him dan mei de haadsaken bemuoie en de saakkundige mei de details. In saak- kundige kin ek adekwater hannelje. De saakkundige sil him wol seis bedrippe moatte, der moat dus gjin ekstra man as frou op'e leanlist komme. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje yn grutte linen akkoart giet mei it ütstel. We moatte leare ut it ferline. De gemeente moat planologysk oanjaan wat hy wol en net fan in doarpsfemijin- gsplan in rekréaasjeplan meitsje sa't yn Terheme bard is. De gemeente moat him net bemuoie mei oankeap, ütwurking, bourypmeit- sjen en it ütjaan. It kin nea oars as dat de ynvestearders dy't "aanzienlijke reserves" hawwe dy reserves net opmeitsje wolle oan allerhande aardige dingen dy't de gemeente sa graach wol. Dat haldt dan miskien yn dat der mear fan itselde komt. De ge meente moat him dat realisearje en der genoegen mei nimme. Yn de öfrüne tiid hat hy leard dat der in berch wurk yn grutte plannen as Terheme sit en dat dy in protte jild kostje en dat der dteinlik in negatyf saldo oerbliuwt. Der moat no troch in oare wurkwize besocht wurde in posityf saldo te krijen. De foarsitter betanket de ried foar de réaksjes. Hy is der bliid mei dat ek de ried fynt dat it belied wizige wurde moat. It kolleezje stelt yn it ütstel in wize fan tarieding en ütfiering fan plannen foar. It kolleezje stelt him foar dat neidat ünder- fining opdien is mei 2 as 3 projekten dat foarlein wurde sil oan'e ried. Hy is it mei de hear Van der Baan iens dat de ranebe- tingsten fan grut belang binne. De weromkeppeling nei de ried is in thema dat ünderstreke wurdt troch it kolleeezje. Hy is bést ree om te praten oer de ynfolling fan de funksje en mei de hear Van der Baan is hy fan miening dat it yn elts gefal in man as frou wêze moat mei in romme under fining. Gearwurking mei oaren is needsaaklik omt sünder dy gearwurking de aktiviteiten dy't wy op it each hawwe net dtfierd wurde kinne. Hy tinkt dat it goed is yn konkrete gefallen in programma te meitsjen dat troch de ried fêststeld wurde moat. Tefoaren kommen moat wurde dat yn in lettere fase fan it projekt der diskusjes komme oer wat der no krekt bedoeld wie. Dat programma moat fêststeld wurde op it momint dat de ried noch de frijheid hat en foardat der konkrete hannelingen dien binne. De gemeente hat net al dy saakkundigens yn hüs dy't needsaaklik is om it wurk goed üt te fieren. Dêrfoar moat dan in man as frou ynhierd wurde dy't in goede opdracht meikrijt, ek wat de rapportaazje oanbelanget, dy't de saaklike belangen fan de gemeente yn it each haldt en ek de kultuer- histoaryske. It kolleezje sil dan seker ferlet hawwe om sa no en dan mei de ried te praten oer de fuortgong fan it projekt. Hy seit dan ek graach oerlis mei de ófdieling ta. Mei de golfbewe ging sa't dy neamd is op side 4 bedoelt de skriuwer dat der altiten al in belutsenheid west hat fan de oerheid mei it parti- kuliere bedriuw. De omstannichheden fan hjoeddedei meitsje dat de gemeente finansjeel net by steat is alle finansjele risiko s te dragen. It kolleezje is it iens mei de wurden fan de hear Breeuwsma yn dy sin dat it risiko safolle mooglik dellein wurde moat by de private sektor.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 8