Elts hat sjen kinnen op hokker wize it kolleezje de saak rûn- breide hat. It liket der op as wurdt it elts jier dreger om de begrutting rün te krijen. Faaks leit dat net allinnich oan üs seis; it regear stoart jierliks hyltiid wer minder yn it gemeen- tefüns sa dat wy üs der seis mar mei réde moatte wylst de taken dy't wy op üs board del lein krije elts jier tanimme sünder dat der finansjele kompinsaasje tsjinoer stiet. Dat dizze saken meispylje by it meitsjen fan de begrutting is düdlik mar ek wy as gemeente hawwe te krijen mei jildpine. Dizze twa saken binne net nij en it kolleezje hat besocht der de ôfrûne jierren wat oan te dwaan. It bestjoersplan moast ütkomst biede. Dat dit op langere termyn net alhiel slagge is spitich. Net allinnich foar it kolleezje mar ek foar üs boargers en ferienings dy't yn finansjeel ferbân mei de gemeente te krijen hawwe, en faaks der ek noch foar in grut part ôfhinklik fan binne. De ynspanningen dy't destiids dien binne hawwe in bulte opskuor feroarsake noch ôfsjoen fan de tiid dy der ynstutsen is troch de ferskate partijen. Sa't al sein, it bestjoersplan hie net ieuwichheidswaarde. Dat hat neffens üs ek net de bedoeling west mar dat it nei sa'n koarte termyn al wer opnij oan feroarings bleat stean soe woe üs earst net oan. De realiteit is lykwols oars en dan sille wy dochs wer opnij de saken op in rygje sette moatte, oars komt it op de kop ferkeard. Dat it kolleezje deryn slagge is doch bliken üt de begrutting dy no foar üs leit. As eltsenien dermei ynnommen is kin jo je ôffreegje sjoen it krewearjen fan, ferskate organisaasjes, ferienigingen ensafuorthinne. Op'e nij in tal foarse besunigings docht wer pine. Soks kin jo faaks net yn't foar komme. Mar it sil dochs plakfine moatte wol it kolleezje de gemeentlike finansjes wer sün meitsje. Wat dat oanbelanget kinne jimme de V.V.D. oan jimme side fine mar as it allegearre fanselssprekkend is, dat is oare^ tee. Lykwols toant it de fearkrêft en kreativiteit en de politieke moed fan dat kolleezje om no de saken oan te pakken op in wize wer letter gjin ien fan sizze kin dat de finansjele problemen foarütskoot binne, en op it board fan in takomstich^ kolleezje dellein wurde. Se soene der mear as in winterdepresje fan oer hâlde kinne! Ek dat is in stik ferantwurdlikens wer't jimme net foar wei draaie. Op in tal ütstellen sil ik aanst neier op yngean. It ôfrûne jier hat krekt as oare jierren de nedige drokte mei- brocht, foar it kolleezje en ek foar üs as riedsleden. Tal fan saken passearden de revu. Nije en, oare al in gong setten ûntwik- kelingsfregen de nedige oerlis en tarieding. Ik neam bygelyks de gong fan saken in Terherne. Net troch el- kenien like goed wurdearre mar dochs foar de takomst fan Ter herne fan grut belang dat de nije üntwikkelingsdy't der plak fine moatte, sa as dat troch it grutste part fan dizze rie bes- letten is ta in goed ein brocht wurde kinne. De rânewei fan Jirnsum heart ek thüs in dat rygje. It oerdragen fan de eksploitaasje fan it sportsintrum De Twine yn Grou, wêr de finansjele bân mei dat kompleks no allinnich noch bestean sil üt in feste jierlikse bydrage yn it tekoart. - 8 - NOTUL.DEC/H/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 10