- 9 - Oare saken sille wy üs no net mear drok oer meitsje. Dat kin it sportfûnsenbad faaks better. De ûntwikkelings op de Burd sille foar de rekréaasje yn de omkriten fan Grou in goede saak weze. Yn gearwurking mei de féhâlders is dizze saak sa goed mooglik ta in ein brocht. En in publiek private gearwurking wat de realisaasje fan de plannen oanbelanget docht de rest. It klinkt sa maklik mar der hat efter de skermen fest hielwat oerlis west om ek dit ta in goed ein te bringen. En ek de nije iisbaan yn Grou doch fertuten, faaks sil fan alle iisbanen yn üs provinsje de Grouster baan it earst beferzen weze! Alteast, as ik de bestjoersleden liuwe mei. Foarsitter, dit binne inkele saken dy't op üs agenda stiene it ôfrûne jier. Mar der komme de oankommende tiid ek noch gâns gruttere projekten op üs of. Sa wol de provinsje it kanaal by Grou omlizze dwers troch Goattum hinne nie de Ie en lâns de Burd en Grêft wer werom nie de Rengerspôlle. Sokke grutskalige projekten kinne dochs net samar ütfierd wurde? Der sil in ynspraakproseduere komme moatte sadat wy en de pro vinsje de foars en tsjins ôfwage kinne om in goed beslüt nimme te kinnen. Yn Grou binne der sawol foar- as tsjinarguminten te hearren. Konsekwinsjes sille der foar de rekreaasje yn Grou wêze, lykas yn de Aid Feanen en faaks ek noch foar üs eigen plannen yn de Burd. Ien fan de fragen is of wy mei üs wentebouütwreiding wol nie it suden fan Grou ta moatte? Moat Grou wol sa grut wurde? Al dit soart fragen moat oan de oarder komme en dat sil noch in protte oerlis freegje. De oare plannen dy't de provinsje üs foarleit sa as in akwadukt yn it Langdiel by Warten en it ferheegjen fan de spoarbrêge oer it kanaal by Grou soene neffens G.S. tagelyk ütfierd wurde moatte. Dit alles ropt fragen op oer de wize werop de provinsje tinkt harren ideeën yn üs gemeente te realisearjen. Noch los fan de finansjele aspekten dy't der mei te krijen hawwe binne der in soad fragen wer fan de V.V.D. ferwachtet dat de rie fan de ge meente Boarnsterhim seis ek rjocht hat om op in bettere wize belutsen te wurden by de ôfwagings fan dizze grutte plannen. In akwadukt yn it Langdiel by Warten liket üs net sa min en de plannen fan de ferheging fan de spoarbrêge meie fan üs ek wol yn de bou fan in akwadukt feroare wurde (foar de brêge is al jild). Mar dat binne stânpunten dy noch lang net foar 100 persint fêst steane! Der sil earst in goede diskusje oer plakfinne moatte. In oar punt wat sa njonkenlytsen syn beslach krije sil is üs eigen amtlike organisaasje. Jierren hawwe wy der oer sprutsen en lang om let waar düdlik dat der wat barre moast. Ferskate ünderdielen fan üs organisaasje binne feroare en op haadlinen is de struktuer ek oanpast oan hjoeddeiske easken en noarmen. NOTUL.DEC/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 11