len saak waard spitigernôch noch buten de reorganisaasje hâlden. Dat wie de fraach, of leaver it andert, fan it tal amtners dat wy nedich binne. Al gau die bliken dat it tal amtners wat in tsjinst fan üs gemeente is as te heech beskôge waard. Sawol de rie- as it kolleezje dielden die miening. Allinnich de feitlike stap yn dy rjochting sette om oan dat byld in ein te meitsjen is pas dit jier setten. Faaks hat üs neie foarsitter deryn de trochslach jün. Nije biezems feije skjin wurdt der sein. Hoe it ek kaam docht er op dit stuit net ta. Dat der wat barre moast wie düdlik. Ien en oar hâldt net yn dat wy de oerstallige amtners samar oan de kan skowe kinne. Yn dat ferbân is it in goede saak dat der op in krekte wize mei harren omgien wurdt en elts in plak krijt dat hy/sy ferstjinnet sjoen nei funksjonearjerf, erfarings, op- lieding. Ynset ensafuorthinne. Wy gean der fan út dat de ynpas- sing fan de opnij te beneamen amtners op in krekte wize barre sil. Fierder kinne wy as rie üs dêrmei (lokkich) net ynlitte. It ferline wike fêststelde funksjeboek en sosjale paadwizer sille derby grif in wichtige rol spylje. As dan takomme jier de organisaasje optügd is sa wy dy ha wolle sil der dan ek de gefolgen fan merkber wêze moatte. Yn positive sin dan wol te ferstean! In helder trochsichtich apparaat moat by steat weze om üs en de boargers op elts stuit te foarsjen fan dy informaasje dy't nedich is en wêr't om frege wurdt. En dy ynformaasje moat helder en krekt wêze en as it kin moat der ek noch rekken hâlden wurde mei de aktuele stân fan saken, sadat immen der op oan kin dat dy ynformaasje dy't hja krije goed en mear as foldwaande is. Boppedat sille de saken dy't üs amtners ütfiere goed op elkoar ôfstimd wêze moatte, sa dat sy gjin dübel wurk dogge of, oarsom gjin saken ferjitte kinne. Ek wy as riedsleden kinne dan de fergaderstukken op tiid krije en der op in goede wize mei wurkje sadat de kommisjefergaderin- gen better tot harren rjocht komme sille. It folgjende stikje is op persoanlike titel. Ien fan de saken dy't ôfrûne jier byelkoar lâns rûn wie dy fan it baggerwurk yn de Pikmar by Grou. Hoe soks mooglik is? Wy sille üs derby del lizze moatte, mar de gefolgen binne net mislik! Twa ton oan jild yn't wetter smiten, ferfelende berjoch- ten yn de parse en 2 ambtners op non-aktyf. Wy hawwe doe tige hastich in beslüt nimme moatten, mar as ik de wiete simmer yn gedachten nim tink ik efterôf dat de smoargens wol op natuerlike wize ferdwûn wêze soe en wy in bulte sinten oerhâlden hienen. Ek de wize wêrop de op dat stuit slim fertinne smoargens weihelle is ropt fragen op. Ik en in bulte oare minsken hiene der net folie fidüsje yn. Dat is efterôf praat fansels mar it bliuwt begrutlik jild. Keninginne Anne fan Inglân spruts nei de brân yn ien fan har kastelen fan in "annus horrible", ik tink dat wy dy term wat dit oanbelanget ek wol brüke meie. - 10 - N0TUL.DEC/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 12