Foarsitter, in saak dy't ek tige wichtich is, is dy fan it oangean mei de ferienings fan doarpsbelang, ferskate oare ferie- nings en guon minsken. Yn de no noch koarte tiid dat jo by üs binne ha der al mannich petearen west mei dizze en jinge. De measten yn it ramt fan kennismeitsjen wiene dy mei de doarps- belangen wêrfan jo de befienings yn in soart fan deiboek fan in boargemaster fêstlein hawwe en wy as lid fan it senioren-konvent kennis fan nommen hawwe. My tinkt dat jo der mei in goed ynsjoch krigen ha, hoe it ien en oar der yn de doarpen foar stiet. Dat wol lykwols net sizze dat wy bysteat binne alle tûkelteammen wei te nimmen mar der each foar hawwe en besykje ien en oar te dwaan om in oplossing te finen. Meastal komme jo dan in hiel ein. Fansels moatte de doarpen der seis ek oan meiwurkje wolle en kinne. Yn Poppenwier woe dat net slagje, hja bliuwe der ferdield oer it meiinoar oparbeidzjen .ta behâld fan de ienheid yn dat doarp. Dat is tige spitich, benammen foar harsels. It moat earst op syn mâlst foardat sy der wiis wurde sille wy mar tinke. Jo woene brêgen slaan om de ferhâldings yn üs gemeente te ferbet- terjen. Hoewol der yn üs gemeente op dit stuit mear akwadukten bout wurde as brêgen liket it derop dat dy tasissing gestalte krijt. Jimme binne bygelyks lid wurden fan de ündernimmers- feriening yn Grou en soks is wer in stap de goede kan üt. Ek mei oare ynstânsjes binne goede kontakten. Binnen de rie merkbite wy ek wol dy drang nei ienridigens, dat wurdt ferwachte fan in foarsitter. Dat soks net altyd slagget hoecht net oan jo te lizzen. Riedsleden hawwe ek wolris noch oan ünnocht Foarsitter, ik woe noch efkes weromkomme op de ütstellen fan jimme oangeande de besunigings. As earste nim ik de brânwar yn Raerd. Sy wiene al faker belutsen by de besunigings yn üs gemeente. Yn 1991 hawwe wy as ried besluten it korps yn stân te hâlden. In termyn is dêrby net fêstlein. Dat Raerd seis jild fün hat om der oan mei te wurkjen om bestean te bliuwen is bekind. Dan is dat efterôf besjoen fansels hiel sneu dat jo no wer ünderwerp fan besuniging wurde en dy inspannings tsjin jo brûkt drige te wurden. Mar wy binne ta de konklüzje kommen, wannear jo alles ôfwage wy der net oan ûntkomme, hoe graach wy dat ek woene, it korps yn stân te hél den. Yn de takomst sil ek op provinsjaal nivo sjoen wurde nei de reële mooglikheden fan de lytse brânwarkorpsen yn üs provinsje. As no üt in brief fan de kommandant fan de regionale brânwar fan 9 desimber al bliken docht dat op dit stuit neat yn de wei stiet it korps yn Raerd op te heffen dan kinne wy sjoen de finansjele posysje suver net oars en nim dy beslissing no. Ien jier ütstelle hat gjin doel, takommend jier soe dy diskusje dan wer fierd wurde mei faaks deselde ütkomst. In twadde punt is it Aldereinwurk. De V.V.D. sjocht der gjin heil yn om mear subsydzje beskikber te stellen. De reden dat wy dat fine leit besletten yn it feit dat wy fan betinken binne dat de âlderein net allinnich fan de gemeente ôfhinklik weze moat. - 11 - NOTUL.DEC/H/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 13