- 12 - De aktiviteiten dy't hja organisearje sille best wurdearre wurde en it nut yn't algemien is üs ek wol bekend, mar der binne mear ynstânsjes, frywilligers ensafuorthinne, dy't harren der mei dwaande hâlde. Lyk as yn it ferline as hjoed de dei is der partikulier ynisja- tyf dat harren dêr ek mei dwaande hâld. En soks rint lang net min. It kin net allegearre fan ien kant komme. De stifting Aldereinwurk sil har neffens ús mear dwaande hâlde moatte mei in stik koördinaasje en net seis it tsjil op'e nij útfine wolle. Dy wurkwize hoecht net altiid mear jild te kosten. Wy wolle as V.V.D. wol each hawwe foar guon saken wer net troch de Stiftich Alderein yn foarsjoen wurde kin. 'Wy tinke dat soks barre kin troch foar ien kear in soarte fan knyppuntenpot te meitsjen. De sinten soene dan dutsen wurde kinne út de middels fan de sosjale fernijing. Wy tinke oan in bedrach fan f 20.000,00. Foarsitter, dan woe ik by de behanneling fan de begrutting noch ris efkes weromkomme op it beslút te koartsjen op de ried. Wy binne fan betinken dat soks net doocht, eins is it te gek foar wurden. It ferheegjen fan it ûnderhâldsbudzjet foar diken kinne wy mei ynstimme. Sa as guon diken der no hinne lizze dat liket nearne nei en allinnich mear jild kin hjir ferbettering yn oanbringe. Ik kom sa njonkenlytsen ta in ein mar wol dochs noch efkes kwyt dat it der neffens ús op liket dat wy yn Boarnsterhim op hiel wat saken besunigje. Dat sil net foar alles jilde mar wy moatte der foar hoedzje net yn in twangposysje te kommen der't wy troch tafersjoch fan G.S. ynkomme kinne. Mei oare wurden; salang wy seis ús saakjes finansjeel in oarder hawwe bliuwe wy seis baas! Dat is ús hiel wat wurdich al sil it wolris dreech kealje. It léste wêr ik it noch oer hawwe wol is de namme fan ús gemeen te. Der is wol ris praat om dy te feroarjen yn Mid-Fryslân. Wy binne fan betinken dat it mar moai sa bliuwe moat. Us gemeente leit dan wol yn Midden-Fryslân, it heart ek sa te wêzen mei in gemeente dy't hyltyden in wichtiger plak kriget yn dy provinsje. Alle grutte ferfiersstreamen geane no ien kear troch ús gemeen te: de ferdübele rykswei, it Prinses Margrietkanaal en it spoar! Ja seis it lûd fan de Fryske omrop komt fia ús Jirnsum yn de loftl Koart sein: BOARNSTERHIM, JO KINNE DER NET OMHINNE! De heer Breeuwsma zegt: Voorzitter, Algemene beschouwingen zijn in onze gemeente Boarnsterhim nog altijd een terugkerend gebeuren, alhoewel er verschillende ge meenten zijn waar dit, toch wat nostalgische fenomeen, niet meer in deze vorm plaatsvindt. NOTUL.DEC/H/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 14