- 17 - Under de earmoedegrins libbet sa'n 10% fan üs befolking. In frij grut part libbet krekt boppe dy earmoedegrins. Wat is earme part oanbelanget: oer it generaal libbet de fraach at stipe of subsydzje oan dy boargers wol needsaaklik is. Stipe soe in negative ütwurking hawwe op harren "arbeidsetos" Soks jildt dan fansels net foar de oerheidsstipe oan de nei ferhâlding goed betelle ynwenners. Oerheidspensjoenen, medyske fersoarging, sosjale wissichheid, lânbousubsydzjesgemeente- en ryksgarânzjes binne in part fan de oerheidsstipe dy't harren takomt. En mochten der soargen komme: rekkenhâlders wurde yn beskerming nommen by bankfaillisse- ment. Kin it noch better? En de begoede lju binne wapene tsjin de seedlike ûndermining dy't it gefolch is fan finansjele en oare stipe dy't de oerheid harren jout de earme lju, binne dat net Yn it ferline hearden de ekonomysk en sosjaal befoarrjochte lju ta in lytse minderheid, in lytse machtige topgroep. No binne hja in mearderheid fan de lju dy't stimme. Op dy elektorale mearder- heid rjochtet de polityk him en sa bliuwt de goede help oan lju dy't yn de nederklits sitte út, want soks ferget oerheidsjild. Mei optochte "prinsipes" wurdt dy help keard, efterút brocht of ûnderút helle. Mei it útklaaien fan de Syktewet en de W.A.0. wurde alle dagen mear lju nei de ünderkant fan de maatskippy ta treaun. De legere bystânsútkearings wurde dêrre nochris oan ta heakke. De twadieling yn ús maatskippij wurdt sa helte djipper. Alde tiden komme werom, de eardere earmenwet, de bedeling. Bystân bliuwt gjin rjocht mar wurdt wer ta geunst makke. Jo hoege gj in profeet te wêzen om no al yn te skatten dat it ferskil yn rike en earme gemeenten sichtber wurde sil yn wat se de earme kant tastopje. Sa sil de twadieling fierder gean. De gefolgen, de sosjale problemen sille net oan ús foarby gean. Drugsproblemen, oardefersteurings Húsfêsting en folkssünens sille der net better op wurde. Yn sa'n klimaat ûntsteane nije tinzen dy't it faksisme nedich hat om út te dijen. Eangstme foar de takomst, ûnferskilligens wn ûnrjochtfeardich hanneljen fan de oerheid binne in pear kom- poninten dy't de swarte klyk nedich hat om út te dijen. It betsjut foar ús as riedsleden in grutte ferantwurdlikens yn de polityk dy't wy fiere. In sosjaal rjochtfeardige polityk sil mei gedegen únderwiis en foarmingswurk it tsjinwicht foarmje moatte. In oar wapen is in iepen, demokratyske beslútfoarming. It fan side skowen fan de artikel 61 kommisje bedriget de beslútfoar- ming fan ûnderen op. De skeakel tusken oerheid en boargers is fan grutte betsjutting en liedt ta in grutte belutsenheid fan de minsken. Soks libbet hjir âldergeloks o sa. It nijmoadrige, merkekonomysk tinken fan de oerheden foarmet in gefaar foar de iepen demokrasy dy't fanwegen ynspraak minder fluch wurket mar tefoaren komt dat wy aanst mooglik mei spandoe ken en aksjes fan klubs en ferienings konfrontearre wurde en de ûntefredenheid - de fiedingsboaiem fan faksistysk tinken oanwint NOTUL.DEC/H/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 19