By ús efterbân waard de sitewaasje plastysk ynskat mei: "Wa't aanst de grutste bek hat, krijt it measte jildDe wurklikheid sil der net fier njonken sitte. It senario yn dat gefal? Ie fase: budgetsubsydzje; 2e fase: tsiisskaaf 3e en léste fase: de wals deroer. Sa lei it gefoelen by ús eferbân en it like my goed soks hjir hjoed te ferwurdzjen. Demokrasy: gearstald út de Grykse wurden: folk en hearskippy. In ryk systeem at it deugdsum belibbe en útfierd wurdt. Dér meie jo net mei knoeie. Der binne mominten dat bestjoerders ferjitte dat hja de wil fan it folk respektearje moatte en krije dan oans- triid ta aristokratysk hanneljen. Se makket de begearte om út de jildpotten fan Brussel te graaien foar ûnder oaren it Prinses Margrietkanaal dLp provinsjale bes tjoerders blyn foar de iepen, demokratyske ferhâldings en sette de doar iepen foar tsjustere en minder demokratyske tsjinkrêf- ten. Soks beneame wy as in domme, koartsichtige en gefaarlike polityk. Wy wolle dér op dit stuit fül tsjin protestearje en warskôgj e. Wy tidigje derop dat de ried fan Boarnsterhim him net wer fer- leide litte sil ta it blyn folgjen fan dy provinsjale polityk. De begrutting. Mei de begrutting sa't dy no foar ús leit, docht bliken dat de koers sa't dy earder troch it kolleezje folge is, ferlein is. It eardere swalkjende belied is oan kant lein en foar ús leit in begrutting dy't sifermjittich in reële yndruk makket. De (boarge)mastershân is helder en klear werom te finen. Dat is winst, dér meie wy bliid mei wêze. It seit lykwols ek hiel wat oer de keazen leden fan it kolleezje yn de óf rune jierren, no't wichtige parten fan harren portefúlje- ynhâld ferskood binne en yn dy fan de foarsitter bedarren. Ien fan de leden wie kreas op tiid fuort mar mooglik soe it kolleezje dochs nochris tinke wolle oer in ûndersykkommisje dy't de finânsjele gong fan saken oer de ôfrûne tiid oereaget. Finansjeel steane wy der striemin foar, dat is dúdlik. De oarsaak: swakke bestjoerders dy't net op tiid en alert op proble men yngiene en de rinnende gong fan saken net skerp yn't each holden, mei alle jammerdeerlike finansjele gefolgen. Op dy mominten dat it ferkeard rün hawwe de ferantwurdlike kolleezjeleden net de konsekwinsjes lutsen om op te stappen en waard harren de hân boppe de holle hâlden. Polityk is soks bene den nivo. No't de konsekwinsjes dúdlik binne moatte wy oardielje at op dit stuit de oplossing fan de finansjele problemen de júste is. Wy wolle dat as F.N.P. mjitte oan it kriterium fan de rjochtfear- digens. Dêrnjonken wolle wy de groepen fan minsken dy't de gefolgen fan de besunigings net kompensearje kinne, frijskatte fan dy besunigingsgefolgen. Rjochtfeardich soe wêze om dy sektoren dy't de tekoarten feroar- sake hawwe, seis dy tekoarten oansuverje te litten. Ek al is dan lûd fan ús kant net nijoant no ta hat it kol leezje der neat mei dien. Alteast: in sichtbere ferbettering kaam yn de ôfrûne jierren net ta stân en de iene finansjele strop folge op de oare. - 18 - NOTUL.DEC/H/ 18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 20