- 19 - Wy rekken tonnen oan jild kwyt by de oanlis en it opromjen fan lûdswâlen, it grünbedriuw, it baggerjen, oan de ferkearde oanpak by Terherne en aanst Jirnsum en dan prate wy noch mar net oer de reklamepylder en it al mar weibliuwen fan it bestimmingsplan bütengebiet. En dan swije wy alhiel mar oer de slimme efterstelling fan it ûnderwiis dat yn üs gemeente yn de ôfrûne jierren hiel wat tekoart kommen is. Om earderneamde reden is de besuniging fan no ünrjochtfeardich. Ommers: de sektoren dy't no besunigje moatte, drage alhiel gj in skuld oan de tekoarten dy't ûnstien binne. Sterker noch: krekt dy sektoren hâlden de finânsjes goed yn'e hân, hiene it betrouwen fan de minsken en soargen foar in ridlik geunstich maatskiplikdraachflak foar it bestjoer oer. Lykwols: it mes moat deryn neffens it kolleezje en sjoch dêr: Alderein en bibliotheek sizze ta en wurkje mei om ta in oplossing te kommen. Wat in rykdom yn üs gemeente dat lju op dit stuit noch meitinke en besunigje wolle. Us tinkt dat soks in kompliment wurden is nei harren ta. Ek op oare terreinen lykas de sport is meiwurking tasein. Soks is goed. Yn dat gehiel fan oerwagings by de begrutting hat de F.N.P.-fraksje besocht in ridliker en in neffens üs wat rjocht- feardiger alternatyf del te lizzen. Yn dy begruttingsferoarings kinne wy temjitte komme oan de winsken fan de âlderein en bibliotheek, kin it brânwarkorps fan Raerd oerein bliuwe en kin der yn 1995 de jeugdsport mei f 15.000,00 holpen wurde. Boppedat kin der foar opbouwurk in fiks bedrach frijmakke wurde. Benammen oan in opbouwurker hechte wy, omdat de sosjale proble men en de jongerenproblemen sünder in profesjonele oanpak net ferminderje of oplost wurde sille. Oars ünderskatte wy itjinge dat op dit stuit om üs hinne ófs- pilet en yn'e heine takomst noch op üs óf komme sil. Omdat wy fine dat de sterkste skouders de lésten drage moatte, fine wy it ferantwurde en ferheegje de leges fan de Hinderwet en Boufergunnings nei in kostendekkend taryf lykas by de hüssmoar- gens. Dêrnjonken soene wy oanstjoere wolle op 2 wethâlders yn it nije kolleezje. Dat wy dêrre yn dit stadium fan it âlde kolleezje net op ta woene hâlde ferbân mei eardere ófspraken dy't by alle fraksjes fan de ried bekend wêze moatte. By de nije ferkiezings sille nei alle gedachten 6 partijen fertsjinwurdige wêze. Sille wy ta in goed en adekwaat funsjonear- jen fan de rie komme en de net ienfâldige problemen fan üs ge meente oplosse, dan sille wy mear as yn it ferline ta moatte op in harmonymodel dêr't alle seis partijen harren ynbring yn werom fine kinne. Mei de kar fan 2 kwaliteitswethâlders en in stevige portefülje foar de foarsitter sil der njonken in slachfeardiger kolleezje in ekstra streekje ljocht yn de begrutting üntstean. Fan belang achtsje wy it dat yn de mearj ierrenbegrutting de V.V.V.-subsydzje yn 1995 as P.M.-post beneamd wurdt, yndachtich it andert dat jim op üs fraach datoangeande jün hawwe. NOTUL.DEC/H/19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 21