- 20 - De sportbesunigings soene neffens ús nei 1995 skood wurde kinne wylst wy de besunigingsmooglikheden foar Foarwuk lyksa yn 1995 ûndersocht hawwe wolle. At de kommisje Frede en Solidariteit har reserves yn de kommende jierren opbrûkt, kinne wy yn de begrutting 4 jier lang sa'n f 5.000,00 earne oars oan besteegje. Mei in budgetferleging ferhurdings en ûnderhâld fan f 22.000,00 (10%) sil der gjin ko om hals reitsje en sil de ferdieling fan de lésten yn üs eagen wat rjochtfeardiger útfalle. Wy hoopje aanst op in goed ünthaal yn de rie. Fansiden wol ik dizze opmerking meitsje en dy is fral foar de beliedsmakkersYn de kommende 3, 4 jier sil in grut tal winkel- lju ek yn üs gemeente belies jaan moatte. Ambulante winkels sille dat gat opfolje. Wy soene feegje om de weinen in goed plak ta te skikken yn de doarpen. Foar de toeristyske ûndernimmers de leeftiidsgroep fan 50 oant 60 stiet beskreaun as "de sulveren sektor". 75% fan de finansjele middels sit by dy groep. Mear as 70% fan'e luksereizen wurdt troch harren ôfnommen. Dér kinne we wol fan profitearje. As stelling: de taal dy't jo brûke yn'e skôging seit neat oer de kwaliteit fan dy skôging, mar alles oer de wurdearring fan de taal seis. Utstellen ta begruttingsferoaring fan de fraksje fan de Frysk Nasjonale Party. Utstel ta feroarings yn de begrutting 1994. 4.120.20 brânwar Raerd f 31.400,00 4.620.01 Aldereinbelied (ombûgingsferskil) f 30.000,00 4.650 beliedsombûging pjuttersealen f 5.000,00 opbouwurk f 50.000,00 Totaal f 106.400,00 Kompensaasje is mooglik troch: 3e wethâlder f 50.000,00 abonneminten f 5.000,00 leges hinderwet en boufergunning f 75.000,00 frede en solidariteti (4 jier) f 5.000,00 stegerjilden p.m. funksje 210 budgetferleging f 22.000,00 mearjierrenbegrutting 1995: funksje 510: beliedsombûging bibliotheek f 100.000,00 jeugdsport f 15.000,00 kompensaasjemooglikheden: sport f 40.000,00 V.V.V. P*m' Stichting Foarwurk P-m* De fraksje stimt net yn mei de ferheging fan de ûnreplik guod belêsting en de ferheging fan de begraafrjochten. Kompensaasje moat socht wurde by iepenbiere wurken. N0TUL.DEC/H/20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 22