- 21 - De foarsitter konstatearret neidat hy de ried dêrnei frege hat dat alle ütstellen dy't troch de partijen nei foaren brocht binne de stipe fan 2 as mear riedsleden krije. De foarsitter slút om 10.10 oere de gearkomste tydlik sadat it kolleezje de tiid hat syn réaksje op de skôgings ta te rieden. De foarsitter weriepent de gearkomste om 10.55 oere. De foarsitter betanket de ried foar de skôgings en foar de posityf krityske wurden dy't dêryn ütsprutsen binne, al wiene dat hjir en dêr lykwols stevige wurden en wie somtiden it lykwi- cht wat fuort. It kolleezje komt mei in stevige begrutting. Hy fielt út de skôgings stipe foar it finansjele- belied. Dat is in plesierige konstatearring. It kolleezje is der tige bliid mei dat der troch de hear Van der Baan sprutsen wurdt oer it har- monymodel. Dit wapen fan'e ienheid wurdt net altiten like goed brûkt yn de ried. Hy tinkt dat de harmony, de ienheid in goed wapen is en mei it brûken dêrfan hoecht net wachte te wurden oant de ferkiezings. De hear Renia sei dat de skouders derûnder moatte. It wurk is net ienfâldich en der moat finansjeel en maatskiplik in swiere kar makke wurde. Ek dat freget om ienheid. It kolleezje komt nei binnen en nei bûten as ienheid nei foaren. Yn dy sin is it aardich dat der oan guon leden fan it kolleezje in plomke jün wurdt. Hy seit mei klam dat it kolleezje as ienheid dizze stevige begrutting op tafel leit. De fraksjes fan F.N.P. en P.v.d.A. prate oer de twadieling yn'e maatskippij en oer de earmoedegrins dy't hyltiten dúdliker wurdt. Dat binne wichtige wurden en der sprekt soarch foar de maatskippij út. It kolleezje dielt dy soarch foar de ynwenners fan ús gemeente mar ek foar de wrâld. Ek it kolleezje hat gjin kant en klear antwurd klear op dizze drege fragen. Lykwols hat it kolleezje op alle fronten de kar makke foar wurk. De reade tried dy't troch de begrutting foar 1994 rint is dy fan it wurk fan wurk-meitsjen. Wat dat oanbelanget wol hy tsjin de hear Van der Baan sizze dat de sifers fan'e stêd oars binne as dy fan it plattelân. Troch deselde fraksje is ek praten oer de ûnferskilligens dy't der bestiet. Dêr spruts soarch út foar benammen de jongere generaasje. Unferskilligens is de boarne fan in protte ellinde. It kolleezje leit de klam op it tsjinoerstelde nammentlik de ferantwurdlikheid dy't elts op syn eigen plak hat. Foar it kolleezje betsjut dy ferantwurdlikheid yn elts gefal dat it húshâldboekje fan'e gemeente op oarder is. In foarskot op de takomst soe yn dat ljocht besjoen bestjoerlike ünferskilligens ynhâlde. It waaksen fan it faksisme dêr't de hear Van der Baan fan sprekt hat ek alles te krijen mei ferantwurdlikheid. It ynfollen fan dy ferantwurdlikheid kin foar de ried ek betsjutte dat der oan guon ynstânsjes minder jild taskikt wurdt. It is te maklik om te sizzen dat eltsenien syn sinten hâlde moat. It útstel fan de hear Renia om it iten jün seis te beteljen bes- jocht it kolleezje as in amendemint. As jün riedsleden ré binne de aksje foar Bosnië te stypjen dan kin dat fansels. Dat rjochtfeardigens de grûn fan'e gemeentefinânsjes wêze moat is it kolleezje mei de hear Van der Baan iens. Hy is it net iens mei de suggestje om minsken frij te skatten fan'e ferhegings. It kin net sa wêze dat alles kompensearre wurdt en it moat ek net. NOTUL.DEC/H/21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 23