- 22 - Der binne bést minsken en ynstânsjes dy't mei minder takinne krekt sa as ek de gemeentlike organisaasje dat moat. It kol- leezje sjocht neat yn in ûndersykskommisjes yn dy sin. De ried en net de amtlike organisaasje is ferantwurdlik. Dat de sektoren dêr't tekoarten binnen dy ek seis oansuverje moatte is hy it net mei iens. Sa'n sjochwize slút net oan by de rjochtfeardichheid dêr't earder oer sprutsen waard. De demokrasy hâldt yn dat it kolleezje en de ried en net de amtlike organisaa sje regelje wêr't it jild oan útjûn wurdt. It kolleezje ferskilt fûneminteel fan miening mei it C.D.A. dat der gj in solide finansjeel belied oan'e begrutting foarôfgiet. De begrutting fan 1994 is makke op grûn fan in solide belied en de kar dy't der makke is hat alles te krijen mei dat belied. It belied is der dus wol seker. It C.D.A. ferskilt lykwols fan miening mei it kolleezje oer de kar dy't makke is. It liket it kolleezje finansjeel ûnmooglik de ferheging fan'e o.z.b. te beheinen ta 4 It kolleezje hat it gefoel hân dat mei dizze begrutting temjitte kommen wurdt oan it brede draachflak yn de ried. Somtiden is it nedich beslútfoar- ming út it ferline opnij te besjen om de gemeentlike finânsjes wer sûn te meitsjen. Ek dat is it ynfoljen fan ferantwurdlik- heid. It kolleezje is it iens mei de wurden fan de hear Bouma dat der in amtlik apparaat komme moat dat helder en mei ynsjoch de saken op tafel lizze kin. De yndruk moat lykwols net bestean dat mei de reorganisaasje fuortendaliks de kultuer feroare is. Dat léste kostet in boel tiid. It kolleezje dielt ek de miening fan it C.D.A. dat dizze reorganisaasje swier foar de meiwurkers is. It is ek goed op dat punt de meiwurkers in hert ünder de riem te stekken want se hawwe it fertsjinne. It amtlik hanneljen fait ünder de ferantwurdlikheid fan it kolleezje. It kolleezje bes- kermet de amtners ek tsjin de ried oer, sy kinne dér ommers seis it wurd net fiere. Amtners hawwe harren eigen ferantwurdlikheid. As der skea foar de mienskip troch amtlik hanneljen ûntstiet dan moat dat ek nei bûten brocht wurde op in wize dy't by dizze tiid past. It kolleezje is bliid mei de stipe foar it belied ten oansjen fan de brânwar yn Raerd. Der is in finansjeel probleem en dat moat no út de wrâld. De finansjele posysje is sa slim dat ek saken dy't dierber binne net foarby gien wurde kinne. Hy ropt op de emoasjonele kant fan dizze saak los te litten. Sjoen de ûnderlizzende stikken en it feilichheidsrisiko dat net heger is as dat wat ek yn oare doarpen akseptearre is, kin, hoe pynlik ek, de brânwar net foarbygien wurde. It korps út Akkrum en Grou kinne de feilichheid garandearje. Dat de fraksje fan it C.D.A. fan de brânwar de ynstimming mei de begrutting ôfhingje lit begrypt it kolleezje alhiel net. Ek oare eleminten dan de brânwar binne dochs fan hiel grut belang. It kolleezje is fan betinken dat in weroriëntaasje op it kom- misjestelsel nedich is, no't de Gemeentewet wizigt. It kolleezje wol bes jen wat better by de ferantwurdlikheid fan de ried en it partikulier ynisjatyf past. Wat it kolleezje oanbelanget bliuwe der kommisjes mar de fraach dêrnei moat ôfhingje fan it part ikulier ynisjatyf. De stelling dat de kommissies oan'e kant skood wurde is ferkeard. It giet derom de ferantwurdlikheid te lizzen op it plak dêr't it heart. Ek hjir hinget in finansjeel plaatsje oan. Yn dit gefal smyt it yndied wat jild op. NOTUL.DEC/H/22

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 24