- 23 - It kolleezje is fan betinken dat de oerheid alhiel betrouber wêze moatOan'e yntegriteit fan it bestjoer kin net twifele wurde en is gj in diskusje oer mooglik. De metoade om de smoar- gens út de Pikmar te heljen is alhiel yn oerienstimming mei hoe't it heart. Ek op dit punt giet it om it ynfoljen fan in stik ferantwurdlikheid. It kolleezje is fan doel regelmjittich mei de Pleatslike Belan gen te oerlizzen. It kolleezje tinkt dat dy taken yn'e gemeente dien wurde moatte dy't de gemeente ek dwaan kin. It is ferkeard dat it ryk dêr hyltiten minder jild by leit. Dat is by De Burd en It Eilân om 100 arbeidsplakken gean soe doocht net. De feitlike sitewaasje, oan'e hân fan it tal húshâl- dings is nammentlik oars. Gelokkich is it f^rlies oan arbeids plakken lytser. Mar dizze medalje hat ek in oare kant. De lânbou hat him de léste 15 jier net geunstich üntwikkele, mar seis negatyf. Oanfanklik wie der yn'e lânbou ferset tsjin it belied oangeande de Blauwe Sône en twa dagen, letter as it beslút fallen is, witte de boeren net wêr't se mei harren lân hinne sille. It kolleezje hat de yndruk dat de relaasje mei it bedriuwslibben hyltiten better wurdt. Fan in protte klachten hat hy net heard. Der ûntstiet stadichoan in bettere ferstânhâlding. It betsjut lykwols net dat eltse winsk fanút it bedriuwslibben ek honorearre wurde 'kin. Dat de gemeente ek wat dwaan moat oan'e majeure projekten dy't der oan komme te stean is it kolleezje alhiel mei de hear Bouma iens By it earste útstel fan de fraksje fan'e P.v.d.A. oer de behears- en beliedsynstruminten wol hy temjitte komme yn de geast sa as yn'e antwurdnota neamd is. Hy merkt dêr noch by op dat it tiid freget dat te réalisearjen. As de fraksje it dêr mei iens is dan wol it kolleezje de suggestje posityf beneierje. It twadde útstel fan de P.v.d.A. oer in fûns foar ynsidintele saken wol hy it útstel fan de V.V.D. yn behelje oangeande de âlderein. It kolleezje is ree om dêr oer nei te tinken. It betsjut lykwols net dat der yn 1994 al jild yn dy pot sitte sil. Yn maart/april komt it kolleezje mei in stik wêryn de pro- blematyk fan fûnsen en al as net rintebyskriuwen oan'e oarder steld wurde sil. It kolleezje wiist it ütstel fan de P.v.d.A. oer it Aldereinwurk fan'e hân. Noch net sa lang lyn is der fêststeld dat de mil- jeuleges ferlege wurde moasten ten geunste fan in ienheid yn ús regio. It no wer opheegjen fersteurt dat lykwicht wer. It ütstel fan it C.D.A. om de brânwar fan Raerd net op te heffen krijt gjin stipe fan it kolleezje. Dan it oare ütstel fan it C.D.A. om net te koartsjen op'e fer- goeding foar de riedsleden en kommisjes, de stichting Alderein wurk en de Maaltijdvoorziening. It kolleezje kin ek dat ütstel net stypje. Los noch fan it feit dat it C.D.A. foar de dekking gebrük makket fan ienmalige middels. Hy ferwiist oangeande it ütstel fan de F.N.P. om de tredde wethâlder derüt te heljen nei de antwurdnota. It kolleezje fynt dat de nije ried dêr mar in ütspraak oer dwaan moat. Om de abonneminten mei f 5.000,00 te ferleegjen liket him net ferstan- nich. NOTUL.DEC/H/23

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 25