- 24 - De gelegenheid om de jurisprudinsje op allerhanne méden ûnder eagen te krijen moat der wol bliuwe. Foar de dekking dy't de F.N.P. foarstiet jildt itselde as wat tsjin de P.v.d.A. sein is. Ek de dekking út Frede en Solidariteit is nei 4 jier op en dus gjin strukturele dekking. Om noch fierder te koartsjen op wegen- ûndérhâld is net ferstannich. Dan de útstellen fan de F.N.P. oangeande de bibleteek en de jeugdsport. It liket it kolleezje absoluut net winsklik no in útspraak te dwaan oer de V.V.V. en seker is it kolleezje der net foar op Foarwurk te koartsjen. Kompinsaasje út iepenbiere wurken om de ferheging fan de o.z.b. net troch te fieren wiist it kolleezje fan de hân. Yn iepenbiere wurken sit alhiel gjin romte om dat te dwaan. As léste it útstel fan de hear Koot. Dat útstel krijt, ek om or- ganisatoaryske redenen, gjin stipe. Wethâlder Nieuwdam seit dat it kolleezje him realisearret dat der de kommende tiid in protte wurk te dwaan is om ynhâld te jaan oan de neiere útwurking oangeande de plannen foar de bi bleteek en de sport. Dat sil barre yn goed oerlis mei de bel- utsenen. Tuskentiids sil weromkeppeling nei de ried en de rieds- kommisjes ta plakfine. It skriuwen fan nota's, op himsels in prima saak, hat faken ek finansjele gefolgen. Not't der gjin jild is liket it him net sa ferstannich nota's te skriuwen. Hy bringt yn it omtinken dat der in goed oerlis west is mei de stânsorganisaasjes o'angeande de miljeumaatregels Troch it C.D.A. wurdt soarch útsprutsen oangeande de leefberens yn'e doarpen en oer de doarpshuzen. It kolleezje giet der fanút dat elts doarp yn begjinsel in foarsjenning hawwe moat. Ek hjir jildt dat fragen tige weromhâldend beneiere wurde moatte omt der gjin jild is. Mar as de iennichste foars jenning yn in doarp yn gefaar is sil it kolleezje op syn iepenst wêze. Wethouder Aukes zegt dat door alle fracties aandacht is gevraagd over de omlegging van het P.M.kanaal. De voorzitter heeft al aangegeven dat de raad op elk moment zal moeten reageren. Zeer binnenkort komt er een voorlichtingsavond waar de provincie aan wezig zal zijn. Het college is het volledig met het C.D.A. eens dat de grotere dorpen wat zullen moeten inleveren ten gunste van de leefbaar heid in de kleinere dorpen. Wethâlder De Boer seit dat it kolleezje ek fynt dat der soarge wurde moat foar in goede kwaliteit fan it basisünderwiisDat it ek de reden fan it útstel om it bedrach fan de learmiddels op LONDO-hichte te bringen. Der is sprutsen oer in driigjende as al oanwêzige twadieling yn'e maatskippijIt kolleezje fynt dat minsken dy't it betelje kinne dat ek moatte sille. Foar dy minsken dy't dat net kinne sil der foar soarge wurde moatte dat dy dochs noch dielnimme kinne oan it maatskiplik libben. Sy neamt yn dat ljocht ek it útstel oangeande it minimabelied dat de kommende moannen oan'e oarder komme sil. Ek it fangnet, de bysûndere bystân, is tige wichtich. It gefolch fan it feit dat der mear gebrûk fan'e bysûndere bystân makke wurde sil is dat der yn'e reserve Maatwurk gjin jild mear bykomme sil. NOTUL.DEC/H/24

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 26