- 25 - Oant no ta krige de gemeente jild foar de sosjale fernijing fan it ryk. Dat is mei yngong fan 1994 ôfrûn. Op koarte termyn komt it kolleezje mei in ütstel hjiroer by de ôfdieling en de ried. De nota foar it âldereinbelied is hast klear. Se hopet dat der goede ôfspraken, ek mei de Stichting Aldereinwurk makke wurde kinhe. It kolleezje fynt it wurk fan Foarwurk tige wichtich. 80% fan'e minsken dy*t dêr in kursus folgje wurdt wer aktyf. Dat is maatskiplik sjoen in hiel goed risseltaat. De hear Ren ia seit dat de wizigingsütstellen dy't nei foaren brocht binne mar oer 0,02% fan it jild gean wat yn de begrutting omgiet. Oer 99,98% is de ried it dus iens mei it kolleezje. It C.D.A. dat seit dat der gjin belied is, hat grif allinne it rjocht ta it fieren fan belied. Dy sille de wiisheid wol yn pacht hawwe. Hy konstatearret dat it C.D.A. net sjen wol dat der in belied is. Wat de finânsjes oanbelanget is der in belied fierd. De begruttingeri en de rekkens wiene slutend en der is in foldwaande reserve. Dêrneist binne de foarsjennings oerein en tagonklik bleaun. Dat no it belied ombûgd wurde moat komt ûnder oaren troch it feit dat it ryk f 360.000,00 minder taskikt. Dat allinne soe al in ferheging fan de o.z.b. mei 9 ynhâlde. Dat it C.D.A. op noch gjin 0,01% de goedkarring oan'e begrutting ûnthâlde wol fynt hy it weirinnen foar de ferantwurdlikheid. Yn de skôgings fan alle fraksjes komt wurk as in hiel wichtich ünderdiel nei foaren. Hy is der bliid mei dat ek it C.D.A. dat seit. Hy is der bliid mei dat it kolleezje it earste ütstel fan syn fraksje oernimt. Hy hopet dat der ek wier wat bart. It fûns foar ynsidintele saken sjocht syn fraksje fral foar saken dêr't mei ien kear jild jaan wat goeds fan'e grûn komme kin. Sa as bygelyks in doarpshüs as it opknappen fan in sport- fjild. Dit füns sjocht syn fraksje net foar it aldereinwurk. Tri je fan'e fjouwer fraksjes wolle in ferheging fan it budzjet fan de Stichting Alderein en it oangean fan in konvenant. Yn syn eagen tige posityf. Hy hopet dat der gjin ferskil fan miening oer de dekking komt sadat it net trochgiet. It tredde ütstel fan syn fraksje wol dy ferheging dekke üt in ferheging fan de bou- en miljeuleges en dernjonken goede ôfspraken meitsje mei de Stichting Aldereinwurk. Yn üs gemeente giet it ta op it kosten dekkend meitsjen fan de ferliende tsjinsten. Dêr hearre de bou- en miljeuleges ek by. Boppedat is dit in bettere wize dan fer heging fan de algemiene lesten. Neffens de antwurdnota soene allinne de bouleges al f. 50.000,00 opsmite kinne. Dus dan hoege de miljeuleges net ferhege te wurden. Ek de majeure projekten sille de nedige bouleges opsmite. Wat hy earder oer de brânwar fan Raerd sein hat hâldt hy oerein. De ütstellen fan it C.D.A. oangeande de brânwar wiist syn fraksje dan ek óf. Dat de fraksjes it oer in protte saken iens binne is hiel moai. Sa kin der ek wier in line nei de takomst ütsetten wurde wêr't elts him yn ridlike mate yn fine kin. De hear Bouma tinkt dat der seker gjin sprake is fan chaos sa't de fraksje fan it C.D.A. dat fynt, no't it hüshâldboekje fan de gemeente slüt. Syn fraksje wol in knyppuntenpotsje meitsje foar de alderein. Dat is in oar potsje as dêr't de hear Renia fan sprekt. Hy tinkt ek dat wethâlder De Boer wat oars wol as syn fraksje. NOTUL.DEC/H/25

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 27