- 26 - Hy hâldt it útstel fan syn fraksje wol oerein. In omslach yn kultuer yn'e gemeentlike organisaasje moat der seker komme. Der is lykwols ek oantrune op in oare beneiering fan'e finânsjes wêrtroch in better byld dêrop ûntstean kin. Dat soe sa gau mooglik plakfine moatte. De skuldfraach oangeande it ütbaggerjen fan de Pikmar moat noch beantwurde wurde. Hy is it folslein mei de foarsitter iens dat de oerheid betrouber wêze moat, mar ek de ferantwurdlikheid tsjin de amtners oer is in part fan dizze kwestje. De koarting op'e fergoeding fan'e riedsleden doocht net. Hy kin gjin gemeente neame dy't ek sa as uzes hjirmei om giet. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje fan betinken is dat in harmonymodel en sterke skouders goede saken binne mar dat as der yn it kolleezjewurkprogram rekkene is op 2 miljoen mear dan dat der kaam, it wol 4 jier fout gien is. Dat gegeven kom jo dan hyltiten wer tsjin. De wurden dat der gjin belied makke is wol hy wol wat ôfswakke. It gong him derom dat der earst in begrut- ting mei in gat fan 1,2 miljoen op tafel lei. Gelokkich is der no wol in slutende begrutting. De oare fraksjes hawwe it der allegear oer dat de lanlike polityk de skuld mei is fan it grutte tekoart. Mar ek hjir jildt dat we ús eigen ferantwurdlik heid hawwe. Syn fraksje fynt dat it kolleezje it ferhaal ôfmeit- sje moat wat de ferheging fan de o.z.b. oanbelanget. It kol leezje wol no al wer 3% derby dwaan en dat is net yn oerienstim- ming mei wat der earder ôfsprutsen is. Hy is fan betinken dat de bou- en de miljeuleges net ferhege wurde moatte. Oars rint üs gemeente út de pas De brânwar fan Raerd telt foar syn fraksje hiel swier. De frij- willigers meie derop rekkenje dat sy noch in tal fan jierren fierder kinne. Dat is ôfpraat ek sjoen de ynvestearing fan ferline jier. Hy fynt it in ferfelende opmerking dat dit no allegear bart ünder ferantwurdlikheid fan it tydlike haad fan de brânwar mar it is wol sa. Hy hat ek heard dat de ferhâlding Akkrum/Grou op dit stuit net optimaal is. De minsken yn Grou soene faaks neist de skuon rinne gean kinne en tink oan in profesjoneel korps. Hy soe graach wol- Ie dat dat ris krekt útsocht wurdt. Dêrby behellet hy dan ek it rapport fan de ynspekteur fan 9 desimber. Hy winsket it kol leezje rom sicht en in goede takomstfisy ta. De hear Van der Baan fynt it opfallend dat de foarsitter net reageard hat op it útstel fan syn fraksje om in post opbouwurk op'e begrutting op te nimmen wylst hy wol sei dat it kolleezje de soarch fan de F.N.P. foar de wrâld dielt. Dat kapitaalsynves- tearings it measte wurk opsmite soene is hy it net mei iens. Ynvestearings yn wurk sille wurk opsmite. Wat dat oanbelanget is hy wat minder optimistysk oer alle grutte wurken dy't der oan komme. Hy hat seker net sein dat eltsenien syn sinten mar hâlde moat. Yn'e skôgings hat hy sein dat ek de sport, de alderein ensafuorthinne meitinke moatte oer besunigingen. Mar it kol- leejze sil it ek mei him eins wêze dat rjochtfeardigens en it net beteljen kinne fan guon foarsjennings elkoar ek rekket. Der binne yn it ferline fragen lizzen bleaun dêr't gjin antwurd op kommen is en der binne hjir en dêr twifels. Fandêr da.t syn fraksje útsteld in ûndersykskommisje yn te stellen dy't dêr mei oan'e slach giet. NOTUL.DEC/H/26

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 28