It is tige ûnfrysk jin net te hâlden oan ôfspraken. En dat bart wol mei de brânwar fan Raerd. Hy fynt it opheffen fan it korps in desynvestearing yn it betrouwen yn'e ried. Syn fraksje hechtet oan it bestean fan de kommisjes omt sa fanút de basis wei. heard wurdt wat der allegear libbet. Hy is bliid mei it antwurd fan'e wethâlder oangeande de bystân. Sy giet hiel seri eus mei dizze saak om en pakt it ek better oan as dat yn it ferline wol bard is. Wat him in bytsje stikelt is dat de foarsit- ter sei dat de dekking dy*t syn fraksje by syn ütstellen lein hat net doocht. Yn dy dekking soene we it earste jier mar f 106.400,00 útjaan en soene we f 137.000,00 yn it laadsje krije. Hy is der wis fan dat de p.m.posten sa't syn fraksje dy opfierd hat it tekoart in grut ein kompinsearje sil. Syn fraksje is net fan betinken dat Foarwurk wol opheven wurde kin, mar hy hat de yndruk dat in groep minsken wol wat mear betelje kin. It bedrach foar de tredde wethâlder bringt syn fraksje werom op f 30.000,00 op fersyk fan it kolleezje. Ek de leges foar hinderwet- en boufergunnings, lykas dy foar de hüssmoargens moatte kostendek kend wêze. Hy giet nochris yn'e pleit foar it opbouwurk. De foarsitter slút de gearkomste om 12.40 oere foar it mid- deisskoft. De foarsitter weriepent de gearkomste om 13.45 oere. Hy seit dat it kolleezje it foar it grutste part wol iens is mei de hear Renia. It liket him goed nochris te sizzen dat de oanpas- sing fan it belieds- en behearsynstrumintarium yndied foar 1994 noch net al tefolle betsjutte sil. No is sa stadichoan it or- ganisatoaryske part klear. Dêrnei moat der besocht wurde oan in goede budzjetbewaking te dwaan. Dan lizze der genôch boustien- nen om de BBI út te fieren. Dat dat proses in jier as 3 kostet is neffens him gjin probleem. It füns foar ynsidintele saken is it kolleezje it wol mei de fraksje fan de P.v.d.A. oer iens. Der is wat in misbegryp oer de alderein. Der is in Stichting, dy't syn wurk docht en der binne âldere minsken yn it generaal. Op dat léste doelde de hear Bouma. As dy ynfalshoeke keazen wurdt sil ek de fraksje fan de P.v.d.A. dêr wol mei ynstimme kinne. By de weroriëntaasje oer de fûnsen yn maart/april kin ek dit füns foar ynsidintele saken meinommen wurde. Foar de Stichting Aldereinwurk is der wol in probleem. Fansels wol eltsenien dat de stichting syn wurk goed dwaan kin. Oan'e oare kant om no samar te sizzen dat der mar f 30.000,00 fün wurde moat út de bou- en miljeuleges giet wol fier. It kolleezje tinkt net dat dat ferstannich is. It oanpassen fan de leges hat ek wer ekonomy- ske konsekwinsjesYn it ramt fan de opmerkings fan de hear Bouma oer de Pikmar seit hy dat as it ijkpunt yn it bestjoerlike libben wêze soe dat minsken alles begripe moatte soene wat de oerheid docht, it noch in lange tiid duorje sil foardat dat safier is. Der sil altiten in goede kommunikaasje wêze moatte mei de boargers oer wat de oerheid docht en wêrom hy dat docht. Der binne tal fan gemeenten dy't koartjse op de fergoedings foar de ried. Hy seit ta dêr nochris yn'e earste ôfdieling oer te praten. Doe't it kolleezje de begrutting oanbea wie der in brief by mei de meidieling dat hy dwaande wie de begrutting slutend te meitsjen en it kolleezje op dat stuit noch net mei in net slute- nde begrutting komme koe. - 27 - NOTUL.DEC/H/27

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 29